Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Kollumerzwaag
Yn 'e Westerein, by 't spoar, hjir tichteby, by de oerwei, dêr spûken yn 'e nacht twa berntsjes om. Dy hienen reade bantsjes om 'e hals.
nl.verhalenbank.29526
Myn broer kom us op in nacht mei in kammeraet de Twizelerwei lâns. Sy kommen by de froulju wei. Syn kammeraet, dat wie Bosma fan Twizel, dy wenne doedestiids yn 'e Westerein. Op 'e Twizeler Nijewei troffen se ûnderweis om in ûre of twa hinne yn 'e nacht in jonkje en in famke, dy hâldden elkoar by de hân beet. Dy bern wienen ± fjouwer à fiif jier âld. Sy...
nl.verhalenbank.22685
Yn 'e Westerein spûke in frommes, dat sweefde yn wite klean by de wâllen lâns. Hja hie in bân om 'e rôkken hinne. Men seach har allinne by nacht. As de kooplju yn 'e nacht út 'e Westerein wei mei de hynders nei de merk ta gongen, dan koenen se de hynders net fierder krije as dy wite juffer der wer spûke. Dy hynders wienen dan bang.
nl.verhalenbank.29932
Der rint in paedtsje fan Sweagerfean nei de Triemen ta, dêr roan by nacht altyd in fôlle mei in houten kop.
nl.verhalenbank.24060
Yn 'e Koaten spoeke ek ien, dy neamden se Jack de Rippert. Fral de froulju hienen it der net op stean.
nl.verhalenbank.15769
Yn 'e Koaten spoeke in dikke, swarte houn om, yn 'e nacht dy't de lju kearde en in soad minsken bang makke hat. To Kollumersweach wie krekt sa'n beest yn 'e nacht warber.
nl.verhalenbank.15768
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem. Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet. In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
Spûkskuorren hie men yn Grinslân. Yn Rottum wenne in hiele greate boer. Dêr kamen wy to wjûden mei de keppel. Wy slepten dêr. Dy boer fortelde ús dat it dêr yn 'e skuorre spûke. Yn 'e nacht gongen de doarren dêr iepen. Mar ik haw it noait fornaem.
nl.verhalenbank.29538
Yn Frjentsjer lei in fartúch mei houten lûken der foar. 't Wie dêr net plús. Der wienen nachts altiten werkgeesten dwaende. Dan gong it op in flapperjen, dan wie 't rounom lawaei. Wy ha 't wol faek heard. Mar wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.25823
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
Op in nacht kom ik by de froulju wei. 't Wie oan 't Wyldpaed. Ik wie to rinnen. Ynienen skynde der samar yn 't holst fan 'e nacht in hiel fel ljocht om my hinne. It duorre miskien in minút. Ik woarde hiel kjel. 't Wie in blauachtich ljocht en 't gebeurde yn 'e hjerst.
nl.verhalenbank.22677
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest. Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
Wij hewwe 't had in Dokkum in de duvelshoeke. Daar spookte 't in de bakkerij. De bakker had twa dochters. Die kregen ferkering. De feinten wouen bij hen opsitte en froegen of se niet een kamerke hadden, waar se sitten konnen. "Jawel," seien die dochters tegen de feinten, "maar in dat kamerke daar spookt it." Doe seien de feinten: "Dat willen wij us...
nl.verhalenbank.24288
16