Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us beppe sei op in kear: Ik ha fannacht in nachtmerje by my hawn. Ik koe har wol op 'e stoel foar 't bêd stappen hearre.
nl.verhalenbank.33778
Der wenne in boer yn Surhústerfean, as dy moarns by 't hynder kom yn 'e stâl. dan wie 't beest kletstrochwiet fan 't swit.
Alle nachten siet der in nachtmerje op 'e rêch fan 't beest en dy ried dan op him om.
nl.verhalenbank.26044
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje.
Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis.
Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Heit fortelde, yn 'e Westerein hie in man west, dy syn wiif wie der alle nachten op út. Mar de man wist fan neat. As er wekker waerd, dan lei der in kouwepânse njonken him op bêd. Hy tocht al us: "Hwat kin dit bitsjutte." Doe op in kear geat er in amerfol siedend wetter oer dy kouwepânse hinne. Doe wie 't wiif der yn tûzen hasten oanstouwen kom, hymjend...
nl.verhalenbank.19323
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west.
Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf.
Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685