Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Men mat yn 'e nacht noait midden op it paed rinne.
'k Ha wolris heard dat der yn Moarmwâld minsken oan kant set binne.
nl.verhalenbank.24317
Men mat jouns en nachts noait midden op 'e wei rinne. Men wurdt soms samar oan kant set, as der in lykstaesje oankomt.
nl.verhalenbank.23709
Yn Grinslân wienen plaetsen, dêr spokke it. De wein rattele dêr soms yn 'e nacht op 'e telle om. Dat wie de foarboade fan 'e drokte fan 'e kommende deis.
nl.verhalenbank.24223
Der wie in boer, dy hie in hynder, dat wie nachts ôfgryslike drok. Dan skopte it en trape dat it raer wie. En moarns, op 'e stâl, roan him it swit yn stralen by de hûd del.
De boer hie wol yn 'e gaten dat dat it wurk wie fan in nachtmerje. Der siet nachts in nachtmerje op it hynder.
Op in nacht paste de boer op. Hy hie in ammerfol wetter klear stean....
nl.verhalenbank.24368
Ergens stie in boereplaets.
Op in kear wienen de boer en de frou fuort. De faem wie mar allinne thús. Hja hie de doarren allegear fêst, mar midden yn 'e nacht kommen der nachtbidders by de doar, dy fregen om hwat. Mar de faem joech se neat omdat de boer en de frou fuort wienen.
Doe skouden se in finster omheech en ien kroep mei de holle ûnder 't rút...
nl.verhalenbank.24224
Ik hie in omke Knjillis, dêr bin ik nei neamd. Hy plichte in soad by ús to kommen. Hy hie syn frou forlern en m_n frou wosk faek foar him.
Op in kear kom er by ús, doe sei 'k: "Knjillis-om, 'k leau, jo binne warch."
"Ja," sei er, "ik bin èk warch."
"Omke docht doch neat mear, wol?"
"Ik haw 't noch noait sa drok hawn as fannacht", sei er.
"Hoedat sa?" sei...
nl.verhalenbank.24321
Hjir waerd froeger in hiele bulte braekt troch de earme minsken. Liet men in hânfol flaechs ûnder 'e brake sitte, dan hearde men yn 'e nacht de brake gean.
nl.verhalenbank.23699
Guon hjirre wienen mei de helm geboaren. Dy seagen dan bigraffenissen fantofoaren. Sy moèsten it sjen, sy gongen der yn 'e nacht ôf.
Myn neef hie forkearing mei in dochter fan âlde Ritske Vellinga. Ritske wie soms de hiele nacht der op út, dat hat myn neef my sels wol forteld. Ritske wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.23703