Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Twizeler Mieden wenne froeger Gearte Wekke.
(Letter hat Jelke van der Valle yn dat hûs wenne)
Wekke seach bigraffenissen fan tofoaren. Sy moest der dan nachts út. Sy koe ûnmooglik lizzen bliuwe.
Soms moest se hiele einen fuort om to sjen. As se it dan sjoen hie dan sei se de oare deis soms: "Dy en dy stjert gau. Ik ha de bigraffenis sjoen. En ik haw...
nl.verhalenbank.22765
Ik haw yn 't wurk west yn Wikel by in boer, in sekere Atsma. Ik hie in maet by my en wy sliepten togearre yn 't bêdsté yn 't bûthús.
Doe sei de boer tsjin ús: "Hearre jim wolris hwat nachts? Us foarige feint woe hjir net langer bliuwe hwant der wienen nachts altiten lûden yn 't bûthús. Mar ik ha jim dêr net oer heard."
Doe sei myn maet: "Fannacht haw ik...
nl.verhalenbank.37195
Jehannes Tsyske wie mei de helm geboaren. Hy seach bigraffenissen fan tofoaren. Hy kaem der nachts foar út bêd wei. Dan kaem er de lykstaesje tsjin. Hy moest dan oan kant gean.
nl.verhalenbank.37221
Wyberen Koop wie in raer ûnforskillich man. Hy wie spylman. Hy spile yn 'e kroegen foar dânsjen ensa. 't Wie in fechtersbaes, in sûper en in spotter. Op in kear doe hied er spile yn 'e kroech by de Falomster brêge. Hy hie 't wer raer opsein.
Doe't er de nachts bûten kom woarde er twa kear smiten fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare. Dat wie de duvel...
nl.verhalenbank.37209
In nachtmerje is in minskelik wêzen. Meastal is 't in frommeske, mar soms is 't ek wolris in man. Der wurdt wol biweard dat as der sawn dochters binne dan is ien dêrfan in nachtmerje. In nachtmerje giet de minsken nachts op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.37223
Eibert Veenstra syn heit wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost. Dy moest ek altyd nei bigraffenissen sjen. Hy moest der yn 'e nacht út. En dan mocht er net op 'e wei lâns gean, mar alhiel oan 'e kant.
nl.verhalenbank.22766
Myn frou is slim ynvalide. Hja sjocht bigraffenissen, meastal fan foaroansteande minsken. Hiele greate bigraffenissen. Hja seit ek dat men nachts noait midden op 'e wei rinne mat.
nl.verhalenbank.37197
Lammert Smeding yn Twizel hie in dochter. Dat wie doe in fanke fan sahwat in jier of tolve. Sy gong nei skoalle ta, myn frou siet by har yn 'e klasse. Doe kom se op in kear yn skoalle, doe sei se: "Us mem giet fannacht ek dea. Ik ha der fannacht ôf west en doe ha 'k har yn 'e kiste lizzen sjoen." Myn frou hat it sels heard en 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22767
As 't net bûterje woe, dan wie de tsjerne bitsjoend, seinen se. De tsjernmoune bigong soms nachts samar út himsels to draeijen. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.34501
Myn frou Baukje Hulsinga har omke dy wenne yn Feanwâlden. It wie in hiele raren-ien yn syn jonge jierren. Hy wie tige rûch yn 'e mûle.
Op in kear, doe hied er nei de faem ta west. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie yn 'e nacht en hy wie tofoet. Doe't er in ein op stap wie hearde er in karre achter him oan kommen. Hy seach achterom, mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.23124
Japik Ingberts wie ris in kear om in jounpraetsje by syn buorlju oan 'e Wedze to Twizel. Doe seach er dêr yn 'e keamer in horloazje oan in spiker hingjen, krekt ûnder in gleske. Hy hie 't eech dêr de hiele joun net ôf.
De boer en de frou, dy seagen dat en hâldden him yn 'e gaten. Doe't er fuort wie, seinen se: "Hast it wol sjoen? Hy komt hjir joun grif om...
nl.verhalenbank.33684
Hjir stiet in boereplaets, net sa fier fan 'e rykswei fan Ljouwert nei Grins ôf. Dy plaets is krekt set op 'e âlde ryksstrjitwei, dy't Napoleon yndertiid oanlein hat. De minsken dy't dêr yn dy plaets wenje, hearre noch hyltyd it trappeljen fan 'e hynders en it riden fan 'e weinen oer dy âld wei. Allinne nachts hearre se dat.
nl.verhalenbank.23127
Ik wie ien en tritich jier en ik wenne op 'e Iest hjir yn Jistrum. Dêr hearde ik op in joun tige dúdlik it tikjen fan in wekker. Dat gebeurde nei dy kear wol faker. Mar dêr wie gjin wekker. Letter woarde der op dat plak in sliepkeamer boud. Dêr kaem ek in wekker yn. Dy wekker hie ik fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.33438
Op Reahel wienen twa hellings. Ik roan ris by de skuorren lâns yn 'e nacht en doe gong it dêr tige op in timmerjen. Ik hearde dat dêr wol faker. Dan woarde dêr koart dêrnei wer in boat makke.
nl.verhalenbank.22750
By 't Knjillisdjip seach ik us fuort by de Twizelerfeart in skip oankommen op it griene lân. 't Wie yn 'e nacht. Ik wenne dêr doe. 't Oare jiers woarde dêr in feart groeven en koart dêrnei farden de skippers der. Wy ha der sels ek fard.
nl.verhalenbank.22751
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong nachts de hekke samar iepen. Dêr is ris ien formoarde woarn, en dyselde spûket dêr altyd noch om. Dêr gong de hekke foar iepen.
nl.verhalenbank.37200
Rin noait midden op 'e wei by nacht, seinen se froeger. Dan wurdt men miskien oan kant set.
nl.verhalenbank.24493
Tichte by Sânbulten wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. It wie in âld man, dy hie dêr in krús mei.
As der in sterfgefal op til wie dan krige hy dêr op de ien of oare geheimsinnige wize tynge fan. Hy wist it altyd krekt as der in bigraffenis komme soe. Dy seach er fantofoaren. Dan moest er út it bêd wei, as er woe of net en hy moest dy bigraffenis...
nl.verhalenbank.34497
Ik ha wol nei Grinslân west to flaechsteppen. Wy slepten op 'e souder by de boer yn 'e skuorre. 't Wie yn 'e buert fan Loppersum. Dêr tichteby stie in buorkerij, dêr roan nachts altyd in fôlle op 'e souder om. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.22756
Ik en myn broer roannen us troch de Twizeler Mieden. 't Wie al hast nacht. Doe kom der myn broer in hiele grouwe houn op side. Dy wie pikswart.
Hy roan deun by myn broer lâns. Ik haw him net sjoen.
nl.verhalenbank.22754