Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tichte by de Fjouwer Roede is de Spoekloane. Der wie us in man dy roan dêr lâns. 't Wie by nacht. Piter hiet dy man. Hy hie jild bard en ek nochal moai hwat.
Doe't er in eintsje op stap wie, stie der in dikke swarte houn.
Piter wie in bytsje skruten, mar hy bearde fan net. Hy struts de houn oer de kop en sei: "Bistû dêr? Bêste houn." De houn mocht dêr wol...
nl.verhalenbank.22165
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend.
Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?"
"Né," sei 'k, "hoedat sa?"
"Es spuckt da in das Haus."
"Ik bin net bang", sei 'k.
Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
De kears op it bêdsbuordtsje.
Der wie us ien, dy hie in kontrakt mei de duvel sluten.
Doe't syn jierren om wienen, kom de duvel om him to heljen. It wie by nacht en de man frege de duvel of er salang geduld dwaen woe, dat er earst de kears oanstekke mocht, dy't op it bêdsbuordtsje stie. Dat stie de duvel ta.
Mar de man nimt de kears en smyt him yn in...
nl.verhalenbank.20994
't Wie feest by Bouke Pultrum yn 'e Houtigehage. (dat wie de kastlein). Myn styfheit moest de moarns ier en bitiid it hynder fan syn broer út it lân wei helje.
Doe seach er in âld-minske oankommen.
"Ik tocht," sei er, "hwat is dy hjir bitiid. Ik sei: - Goeije morgen, - mar hja sei neat werom. Ik sei noch us - Goeije morgen - , mar sy sei wer neat.
Doe't...
nl.verhalenbank.24417
Piter de Graaf en Melle Jans Veenstra gongen op in kear de klaei op om wurk. Doe kom de loft bot opsetten. Sy tochten: wy krije in pak swier waer en dêrom gongen se nei in boer ta. Sy fregen him of se dêr de nachts wol sliepe mochten.
"Né," sei de boer, "ik wol hjir nachts gjin sliepers ha."
Doe sei Piter: "Och man, lit ús hjir dochs sliepe, hwant jo...
nl.verhalenbank.24416
Tsjoensters binne yn 'e nacht warber. Ienkear yn 'e sawn jier matte se ien deatsjoene. Op syn minst. Kinne se it net mei minsken rêdde, dan bitsjoene se dieren. Dêrom seach men froeger faek skiep en geiten mei in stikje duveldrek ûnder 'e hals.
nl.verhalenbank.24428
Wy woarden altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht, hwant der kin us in lykstaesje passeare.
nl.verhalenbank.24424
Piter de Graaf gong der nachts faek ôf. Dan gong er foar 't glês stean en die de kleden oan kant.
nl.verhalenbank.24254
Douwe Stavasius wenne op 'e (Grinzer) Peinder heide. Dy gong der nachts wol op út. Dan stie er oan 'e kant fan 'e wei en seach in lykstaesje foarbygean. Hy sei fantofoaren: "Dy is nou oan 'e beurt." 't Kom altyd út. Hy wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.27573
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251