Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe tochten se: Lit ús dan mar even tsjin dy oare toer oanlynje, dat liket in sterken-ien. It wie de Stienzer. En sjoch, dy bijoech him net, dy bleau stean. Dêrom hjit dat plak 'Stiens'.
nl.verhalenbank.20940
Achter Burgum wie in moard gebeurd. De moardner naeide út. "Burch him!" rôpen de lju. Sa krige dat plak de namme fan Burgum.
Hy roan nei in oar plak.
"Ha jim jim him hast?" rôpen se? "Samar", wie 't antwurd. Dat plak kom Sumar to hiten.
Doe kommen se wer op in plak.
"Hâld him!" woarde der roppen.
"Hokker?" fregen de lju fan dat plak.
"De earste mar",...
nl.verhalenbank.21757
Twa reuzen slotten in feart. Elk mei in heale bollepream.
Hja wienen warch en woenen even bikomme. Doe linen se tsjin 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe 't net hâlde ûnder sa'n swier gewicht en biswykte.
"Ik brits him", sei de iene reus. It plak krige de namme Britsum.
nl.verhalenbank.20937
Der wie us in branjeskipper. 't Wie yn 'e winter en der lei rounom iis. Der koe dus net fard wurde. De skipper lei dêr op 'e rûmte en der foel neat to fortsjinjen.
Ik liz hjir de hiele winter ta mine skea, sei de skipper en doe't dêr in doarp kom, krige dat de namme Minnertskea.
nl.verhalenbank.20935
Yn Wargea wenne in reus.
In skipper wie dêr kom mei in skûtefol branje. Dy branje moest deselde dei noch út it skip wei, mar de skipper seach der gjin kâns ta.
Doe sei de reus: "Ik sil dy helpe." Hy nimt de hiele skûte út it skip wei en leget him omkeard op 'e wâl. Hy hie dy deis oan 't slatten west en dus hied er syn nocht. Om hwat út to rêsten lei er...
nl.verhalenbank.20934
Doe gongen se nei de Falom. Mar dêr gong it har noch minder ôf, doe't se tsjin 'e tsjerke oanlinen. De hiele tsjerke foel om.
Sûnt hjit it plak Falom.
nl.verhalenbank.20939
In mennich doarpen ha doe in namme krige. By Akkrom seagen se achterom yn 'e richting Aldeboarn, dêr't se wei kom wienen. Doe't se seagen hoe bochtich de Boarn woarn wie, suchten se: "Ah, krom!" En sa hyt dat doarp fan Akkrom.
In ein fierder krigen se lêst fan wargens. Om't de lea har sa warch wienen, neamden se dat plak: Warge lea, nou Wargea.
Fan...
nl.verhalenbank.19613
Doe gongen se nei Akkrum en dêr gongen se tsjin 'e tsjerke oan stean. Mar dy rekke forbûgd.
"A - krom", sei de twadde reus. Dêrfandinne de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20938
Hoe't Eastemar, Sumar en Burgum har nammen krigen ha.
Der wie us ergens in jager oan 't jeijen. Doe kom der in hear by him. Dy frege: "Ha jo al gâns hazzen sketten?"
"Né," wie 't antwurd, "myn earste mar."
"Moaisa," tocht de hear, "nou ha wy fuort in namme foar dit doarp: Eastemar."
De jager gong it Mienskar oer en doe kom er wer op in plak. Dêr rekke hy...
nl.verhalenbank.19605
Akkrum hat syn namme krige fan A, krom! Dat sei de iene reus tsjin 'e oare, doe't se dêr in kanael groeven. Dat woarde in bytsje bryk.
nl.verhalenbank.27060