Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: naakt Narrator Gender: female
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn. Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
It gebeurde op 'e Tike dat der ergens by minsken yn it achterhûs trije neakene berntsjes forskynden. Dat gebeurde herhaeldelik. Dy berntsjes dounsen om 'e stile hinne. De stumperkes hienen gjin deaklean meikrigen. Dat binne de lju gewaer woarn, dy't dêr doe wennen. Doe ha se op in kear dêr om 't hoekje by de doar foar elk fan 'e berntsjes in stel deaklean...
nl.verhalenbank.21094
Yn Burgumerheide wenne in omke fan my, dy wie oantroud. Hy hie twa susters. De iene suster krige in poppe. Mar dy poppe is deagong. Hwer't se 't bern brocht hat is noait ien to witen kom. Mar it bern is sûnder kleantsjes oan yn 't graef rekke. Mar alle jounen kom der in lyts neaken bern yn 't slopke, (dat wie in gonkje yn 't achterhûs, tusken twa bêdden...
nl.verhalenbank.22832
Imke de Jong hie us in kear rûzje hawn mei twa hege mannen. Dat wienen ofsieren. Hy sei tsjin heit: "Dêr sille wy in grap mei ha." Sy skelden op him. Doe liet er dy beide ofsieren de klean ôfsakje. Hja kommen dêr pûrneaken to stean. Hy sei: "Nou geane wy fuort. Sy matte har mar even rêdde." Doe ha se him letter noait wer fêst hâlden.
nl.verhalenbank.21581
Der roan froeger in feart by 't sûkerijfabryk fan Prakken lâns fan 'e Broek nei Damwâld. Dêr is in paed by lâns, dat wie doe noch allegear modder. Dêr seagen se froeger altyd twa neakene berntsjes. Dy wienen dêr bidobbe woarn sûnder dat se bierklean meikrigen hienen. 't Wie sahwat by de opslach. Dat paed hyt it Formanjapaed.
nl.verhalenbank.27446
Der dounsen foarhinne ek wol neakene berntsjes om 'e skuorrestilen hinne, dy't in bigearte hienen.
nl.verhalenbank.11487
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie. De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema, tichte by 't hûs fan Fokke en Syts wie froeger in âld dykje. Us mem en âlde Wyts kamen dêr togearre ris by nacht lâns. Doe seagen se twa neakene berntsjes, dy gongen oer de dyk. Mem hat it faek forteld. "Wy wienen sa bang," sei mem, "dat wy doarsten der hast net nei to sjen." Doe't dy twa berntsjes oer de dyk wienen, sei...
nl.verhalenbank.29327
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
’n Werwolf is ’n gewone man, mar die ’n belofte het afgeleid on den duvel. En durrum krieg ie nou en dan ’n vel thuus gestuurd dör de schorsten. As tie dan in da vel kruup, het ie de gedoante van ’n wolf en mot ie op pad um aander minse te ploage en te peste. Hé’j springt ze dan opte nek. Zo was ’r ok ’s ’n keer iemand ien de Kommerdiek, die ’m opte nek...
nl.verhalenbank.50237
Der wie in skipper dy seach by de Potmarge altyd in neaken berntsje, dat by him by 't roer opkaem. It wie dúdlik dat it berntsje in winsk hie. Hy helle der in doomny by en doe sei it berntsje, de skipper moast nei de Wurdemerdyk tagean yn Ljouwert op dy en dy tiid. Dan soe dêr in dame rinne yn 't swart, dy't in pakje yn 'e hân droech. Dat pakje moast er...
nl.verhalenbank.21010
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
In Ternaard woonde in turfskipper. Alle kearen as dat skip daar lei dan kwam der in naken kiendsje achter bij 't skip op. De skipper wist niet hoe hij daar mee aan moest. Toen is hij naar doomny gaan en het hem fraagd wat dat was. De doomny kwam op it skip en dy het bidden en hy het it kiend fraagd hwerom it geen rust hat. Toen het dat kiend seid, hy had...
nl.verhalenbank.32618
Der wie ergens yn in hûs in protte stellen woarn. Sy ûndersochten it hiele hûs, mar se koenen de dief net fine. De jouns kaem de faem yn har sliepkeamer en forskjinne har. Hja wist net dat de dief ûnder it bêd tahâldde. Wylst hja foar de spegel stie, sei se: "O God, wat zijn er toch een nare mensen." In wike of hwat letter gong se oer de brêge. Dêr stie...
nl.verhalenbank.20989
1