Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
112 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: naakt
Hjir yn 'e Homear woarden nachts altyd twa lytse neakene berntsjes yn in kroade hinne en wer riden. Dy kroade gong soms hiel hurd hinne en wer, krekt as woarde der mei dy bern boarte.
nl.verhalenbank.27291
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Op 't Bomkleaster roannen /spoeken froeger altyd twa neakene berntsjes om. Doe ha se der in dûmny by helle om dy berntsjes oan to sprekken. De dûmny frege hwat se bigearden. En doe seinen se, dat se hienen gjin deaklean meikrigen. Doe hat de dûmny der foar soarge dat dy der kamen. Doe ha de berntsjes har net wer sjen litten.
nl.verhalenbank.17392
DE HEKSENMOEDER EN HAAR DOCHTER Er was eens een jongeman die danig verliefd was op een knappe boerendochter. De liefde was wederkerig, al stelde het meisje één voorwaarde: de jongen mocht alle dagen komen, behalve op vrijdagavond. De jongen hield zich daaraan, maar op den duur begon hij toch verschrikkelijk nieuwsgierig te worden. En ja hoor! Op een...
nl.verhalenbank.49577
By de Krúswei spoeke in neakene keardel.
nl.verhalenbank.27292
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Der wie in man ûnderweis en der wie ek in frou ûnderweis. De man hie in teefke by him, de frou in hountsje. De man en de frou bleauwen by elkoar stean. It hountsje bleau ek stean, it slikke it teefke om'e kont hinne. De man en de frou seagen it en de man sei tsjin 'e frou: "Sa moesten wy èk nochris." Doe sei de frou: "Dat kin wol. Dan matte jo mar op in...
nl.verhalenbank.27912
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Imke de Jong hie us in kear rûzje hawn mei twa hege mannen. Dat wienen ofsieren. Hy sei tsjin heit: "Dêr sille wy in grap mei ha." Sy skelden op him. Doe liet er dy beide ofsieren de klean ôfsakje. Hja kommen dêr pûrneaken to stean. Hy sei: "Nou geane wy fuort. Sy matte har mar even rêdde." Doe ha se him letter noait wer fêst hâlden.
nl.verhalenbank.21581
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden. Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde. Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066
To Drachtster Kompenije oan 'e wei nei Oerterp ta stie froeger in skeperije. It folk dat dêr wenne hie in hiele keppel drinten. De frou hearde dêr alle nachten lawaei yn 't achterhûs. Sy woe wolus wite hwat dat wêze koe en op in nacht gong se der op ôf. Doe seach se twa neakene berntsjes, dy't om in dikke stile hinne dânsen. De oare deis gong se nei de...
nl.verhalenbank.17634
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten. Hy seach lykstaesjes. Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
It gebeurde hjir wol dat der nachts lytse neakene berntsjes op 't finster kloppen. Dy hienen gjin rêst, hwant sy hienen gjin bierguod meikrigen.
nl.verhalenbank.20517
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
Heit en omke Piter fortelden, se wienen us in kear oan 't murdzjen. 't Wie yn 'e nacht. Sy wienen yn 'e Fûgelkamp yn 'e Harkema, doe hienen dêr twa lytse bern oankom. Dy wienen alhiel neaken en sy hienen elkoar by de hân beet hawn. Sa hienen se dêr omkuijere. Heit en omke moesten oerside om dy berntsjes plak to jaen. Men woe wol ha dat dy berntsjes gjin...
nl.verhalenbank.27042
Witte Juffers Op het hoge vlonder over de Eenrummertocht spookt een witte dame, zijnde misschien de geest van Tagt. Volgens de beknopte overlevering is er een tijd geweest uit vroeger jaren dat alle menschen in Eenrum rijk waren, behalve een en dat was Tagt. Dit was de menschen niet naar de zin. Nu was er nog een stuk land, dat niemand toebehoorde. Er...
nl.verhalenbank.13244
Der roan froeger in feart by 't sûkerijfabryk fan Prakken lâns fan 'e Broek nei Damwâld. Dêr is in paed by lâns, dat wie doe noch allegear modder. Dêr seagen se froeger altyd twa neakene berntsjes. Dy wienen dêr bidobbe woarn sûnder dat se bierklean meikrigen hienen. 't Wie sahwat by de opslach. Dat paed hyt it Formanjapaed.
nl.verhalenbank.27446
Myn skoanmem wie us yn 'e buert fan 'e staetsskoalle. 't Wie op in joun. Doe seach se twa neakene berntsjes. Doe woarde se in hiel ein oan kant smiten. Dy berntsjes koenen de rêst net fine. Dy moesten dêr lâns. Myn skoanmem moest rûmte jaen. Dy berntsjes hienen gjin leedguod meikrige.
nl.verhalenbank.26229
1