Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Lytse wei woarde froeger âlde Sytske formoarde. De bluodderige steden fan 'e fingers ha dêr jierren-lang by dat húske op 'e stamme fan in beamke stien. Dat bloed woe der net wer ôf.
Letter ha se in krús set op it ikenhouten stambeamke.
Yn 'e daem by dat beamke wie se formoarde.
nl.verhalenbank.20371
Hjir oan 'e Lytse wei op 'e dyk stiet in ikebeam. Hindrik Borger wennet nou yn it hûs dat dêr by stiet. Dêr is al ris in âld-minske formoarde woarn. Dêr stiet noch in krús fan yn 'e ikebeam. Dat krús giet der noait út.
Kappe se de beam om, dan komt it wer yn 'e nije stamme.
nl.verhalenbank.28881
Us mem wenne yn Stiensgea achter de bosk.
Op in kear soe se nei 't dânsjen ta to Readskuorre. 't Wie joun. Op 'e weromreis, doe't se to Sumeer wie, woarde se in man gewaer, dy't dêr omroan.
Doe seach se, dat dy man dwars troch de muorre fan in hûs hinne roan en dat er sa wei woarde. Men kin bigripe dat se tige kjel woarde.
Doe't se thúskom lei pake al op...
nl.verhalenbank.21353
Op 'e Mûzegroppe ûnder Rottefalle hat in man syn dochter formoarde omdat sy to riden woe. En doe hat er himsels de hals útsnien. It bloed ha se noait wer út 'e flier wei krije kind.
nl.verhalenbank.33185
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien der wie us in moart yn gebeurt. De bloedplakken koenen se noait út 'e flier wei krije, se kommen der altyd wer yn. Ek as der in nije planke yn slein woarde. Dan kommen se dêr yn.
nl.verhalenbank.19941
Yn 'e Ham siet op in joun in ploechje jongfolk yn 'e kroech. It gong der bot oan wei. Flokke en oangean, it wie allegear raer hwat der oan wie.
Doe soenen se dan op 't lêst nei hûs ta. Sy gongen út 'e kroech. Ien fleach de lannen yn, yn 'e Mieden. Dy is net thús kom. Hy lei dea mei de skonken yn 't wetter yn 'e Mieden. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.21377
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham is ris in bern formoarde woarn. Men hat it bern dêr forsûpt. Sûnt spoeket it dêr altyd. Hielendal op 'e ein fan 'e Ikkers, yn 't lêste húske, wenne Piter Terpstra. Dy is dêr wei gong to wenjen omdat dat bern dêr altyd spoeke.
nl.verhalenbank.37229
Oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't nou Hindrik Borger wennet, seagen de minsken froeger in swart frommes.
Dat frommes spûke dêr. Dêr is earen in âld minske formoarde woarn. Se wolle wol ha dat dat datselde frommes is.
Yn 'e wâl op 'e dyk stiet in ikene beam mei in krús der yn, ta in teken dat it dêr gebeurd is. Dat krús koe der noait wer út, seinen se.
nl.verhalenbank.28901
Piter-om en Albert-om dat wienen bruorren. Dy gongen der in bulte nachts op út to murdefangen. Altyd togearre.
Op in kear seagen se op 'e heide in skynsel. It wie in wyt ding. Se wienen beide hwat skruten, mar Albert-om doarst der allinne mar nei to sjen. Piterom seach fan bangens de oare kant út. Hy sei: "Is 't by dy? Is 't by dy? Siz it dan."
Mar it...
nl.verhalenbank.20381
Der is oan 'e Lytse wei ûnder Droegeham froeger in frou formoarde. De beam dy't by 't hûs stie ha se in krús yn makke. Dat krús gong der noait wer út. As se de beam omkapten, kom der yn 't jonge beamke wer in krús.
nl.verhalenbank.33314
Molenrie is in plakje yn Grinslân. It leit flak by Kloosterburen. Dêr ha wy wol hinne west to flaechsteppen. Ik wie doe noch jong. Op in snein leinen wy mei oaren yn 'e berm flak by de plaets dêr't wy oan 't wurk wienen. Wylst bigong Roel van der Meer in sang to sjongen:
De schooister verklaarde dat zij die was koud.
De meid die moest daad'lijk om turf en...
nl.verhalenbank.20382