Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
Frijmitselers binne kûgelfrij. Ien dy't hwat oars wie as oars, dy't mei de boaze hwat út to stean hie, dat wie in frijmitseler. Dy't ien kear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. Hwant as jy it wurde matte jo in kontrakt tekenje mei eigen bloed. Dy't der by wei wol wurdt deamakke.
Sy matte in skoft yn har eigen kiste lizze.
nl.verhalenbank.25814
Op 'e Mûzegroppewei by 't Wytfean hat Sytse Bates syn dochter de hals útsnien. It bloed woe noait wer út 'e flier wei. Setten se der in nije planke yn, dan kom it bloed dêr ek wer yn.
nl.verhalenbank.26105
Yn 'e Pein woenen us guon ynbrekke by in boer. Mar de boer fornimt hwat der to rêdden is en de mannen stoune fuort. Ien fan har soe oer in hekke.
Mar de boer wie in flugge, linke keardel dat hy kryt him topakken en slacht him dea. It hiet letter, dat in koe de man op 'e hoarnen nom hie en sa dearekke wie, mar sa siet it net.
nl.verhalenbank.21727
Yn Hurdegaryp stie in slot, dêr stie in hekke by. As dy hekke jouns op slot dien woarde, wie er de oare moarns altyd wer iepen. Se koenen dy hekke net op slot hâlde.
Froeger mat dêr in kasteel stien ha en dêr is doe ien formoarde woarn. Dyselde hie dêr paed. Dêrtroch gongen dy hekken iepen.
nl.verhalenbank.28529
Op 'e Skieding (by Grinzer Pein) is us ien formoarde. Myn wiif komt dêr wei. De post kom by ús en fortelde 't. Wy der hinne. It minske lei yn 'e kelder. Sy hienen har mei in bile de holle ynslein. Der sieten bloedplakken op 't sket. Dy koenen se der net wer wei krije. Mei gjin semint. Dy bleauwen sitten.
nl.verhalenbank.23939
It bloed fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei koe net útwiske wurde.
Oan 'e Nyegeaster Hegewei binne twa âlde minsken formoarde woarn. It bloed ha se der noait wei krije kind.
nl.verhalenbank.17322
Op 'e Noarderhegewei binne alris twa âlde minsken formoarde woarn. It wie sahwat op 'e Kletten. Oan 'e skoarstienmantel en oan 'e soudersbalken binne de bloedplakken sitten bleaun en dy binne der net wer ôf to krijen.
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien dêr is ek in moart yn gebeurd. (Sytse Bates). Dêr sieten bloedplaken yn 't bêdsté. Sy dienen der fan...
nl.verhalenbank.24388
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
Hinke Kaert wie kaertlizter op Nijebrêge. De duvel hat har de nekke omdraeid. Hja lei op in kear mei de nekke omdraeid yn 'e keamer.
nl.verhalenbank.27279
Tsjerk Wetterrot hat hjir froeger yn in hoale wenne. Dêr lei strie yn en der stie in bank yn. Tsjerk libbe fan stellen en roven. Hy troude mei Lisk. Sy hienen it goed. Der wie in tonne mei fleis, in protte jirpels en sy hienen sinten genôch. Dat hie Tsjerk allegear roofd. Hy gong der faek mei syn broer op út to roven.
Op in kear siet de nachtwacht him op...
nl.verhalenbank.17033
Hoe't de namme Spekloane ûntstien is:
It wie froeger Stekloane, en dy loane is sà oan syn namme kom:
Der wie us in skearsliper dy gong mei syn skearsliperskroade de kant nei Rottefalle út. Hy soe yn Rottefalle oernachtsje. 't Wie al donker. Hy wie omtrint oan 'e ein fan 'e Langewyk ta, doe woarde er oanfallen troch twa rovers, dy woenen him fan syn jild...
nl.verhalenbank.21432
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hja mat op syn minst ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan, hwant sy is yn 'e macht fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.28159
Fan sawn jonges yn in húshâlding, mits se op elkoar folgje, is ien in wjerwolf. Fan 'e sawn famkes is ien in wjerwolvin.
In wjerwolf is in manspersoan. Dy mat sa nou en dan hwat toroppe of ien deameitsje. In wjerwolf, dêr binne se noait by fortroud.
In wjerwolvin wie in mannehater.
De wjerwolf en de wjerwolvin koenen troch de allerlytste gatsjes by de...
nl.verhalenbank.27267
Op 'e Mûzegroppe by de Batema's koenen se 't bloed net wer út 'e planken krije nei de moard. Dy sitte dêr altyd noch.
nl.verhalenbank.36194
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
Yn 'e Parken by de Trije Roede ûnder Boelensloane hearde men somstiden nachts in freeslik gejammer. Dêr mat earen de nachtwacht deaslein wêze.
nl.verhalenbank.17413
Yn 'e Surhuzumer Mieden ha se in âld-minske formoarde. Dat dienen se mei in swiere skoech; dêr sloegen se har mei op 'e holle. Ik wie dêr oan 't meanen. 't Wie allegear like stil. Doe hearde ik ynienen ien lûd razen: "O Minse! O Minse!" Ik der hinne. 't Wie allegear bloed. Dat siet tsjin 't sket op en oer de flier.
Mei wriuwen en wriuwen ha se prebearre...
nl.verhalenbank.25502
Hjir wennen trije bruorren dy skreauwen har Dalstra. Dêr is noch skaei fan. Ien fan dy bruorren hie boerefeint west yn Nyegea yn in âlde greate stjelp by twa âlde minsken. Dy feint rekke dêr wei, mar letter gong er dêr us op in kear mei syn beide bruorren hinne to jounpraten.
Sy woarden freonlik ûntfongen. Sy woarden yn 'e hûs noege en krigen kofje. Doe...
nl.verhalenbank.25488
Hinke har omke wie Gjalt, dy hie in frou, dat wie in Ingel. Ingel wie siik en sy masteren mei Frânse Hinke. Mar Hinke koe har net better krije. Ingel stoar.
Doe gong it praetsje, dat Frânse Hinke hie har forjown. Sy wie forgiftige troch har, seinen se.
De dei dat Ingel begroeven wurde soe kom der in telegram, dat sy moesten de kiste stean litte. It lyk...
nl.verhalenbank.23762