Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn it sprookje fan Blauburd lit de juffer de kaei falle yn it bloed. Dat bloed kin se noait wer fan 'e kaei ôfkrije, hwant it is moardnersbloed. En sok bloed bliuwt der altyd op sitten.
nl.verhalenbank.19721
Auke en Sjut fan 'e Tike hienen berntsjen hawn, dy't se net oanjoegen by de burgerlike stand. Of se deageboaren wienen of formoarde woarn, dat wist eins net ien. Mar se seinen dat de âlden se oan kant brocht hienen. Dy berntsjes bigroeven se achter yn 't skieppehok. Midden yn 't hok stie in peal dêr dounsen dy berntsjes om hinne. Sy koenen de rêst net...
nl.verhalenbank.19785
Op 'e wei fan Eastemar nei Sumar (de Sumarrewei) spoeke altyd in man mei in koe. Nageat hiet dy man. Dy man is dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.19791
Der wie in faem dy hie alris tsien ynbrekkers de holle ôfhoud. De alfte ûntkaem har. Sy rekke krekt syn plasse, dat dy wied er kwyt.
Nei forrin fan tiid frege deselde sûnder plasse de faem as se mei ride woe. 't Wie op in joun. De moanne skynde helder. Hy hie in hoed op, dat de faem seach net, hwa't it wie. Dat hja gong mei en dêr rieden se togearre...
nl.verhalenbank.19778
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur.
De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Sa hat der ekris in moardner west dy hie ûnderdak frege by in boer. Mar dêr wie ek in soldaet, dy hie dêr ynkertiering. Dy hie in poppe makke fan strie en dy hied er njonken syn hynder op 'e stâl delset. De nachts kom de moardner om dy soldaet dea to stekken. Hy stuts yn 'e striepoppe en sei: "Dat is één." Mar de soldaet kaem foar 't ljocht en stuts fuort...
nl.verhalenbank.19780
Auke en Sjut dy wennen op 'e Tike. Sy stienen min bikend. Us Wytse-om en ús Jehannes-om dy kommen dêr moarns bitiid faek lâns as se nei de merk ta gongen foar de handel. Dan seagen se dêr altyd twa wezentsjes omspûkjen. (popkes)
Op in kear frege Jehannes-om: "Hwat is dat dêr altyd by jimmes achter op 'e tún? Dêr spûket it."
Doe krigen Auke en Sjut beide...
nl.verhalenbank.19717