Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger woarde der altyd sein: Dy't syn mem slacht, dy krijt in pear ûngelokkige earms.
nl.verhalenbank.26932
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke.
Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat.
't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou.
Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear....
nl.verhalenbank.25582
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!"
Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier.
De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels.
Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy...
nl.verhalenbank.19734
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen.
Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei.
Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst.
Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
As ien lúskes krijt en hy is tige siik, dan giet er dea. It is mei ús skoanmem ek gebeurd, en sy hie noait lêst fan luzen, sy wie sa skjin as de brân.
Hja hat us tige siik west, doe miende se dat se stjerre soe.
Myn frou wie doe noch mar alve jier. Doe rôp se myn frou by har. Sy sei: "Ik ha hjir jild. Wolstû dat salang foar broerke biwarje oant dy great...
nl.verhalenbank.23019
In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin."
Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern...
nl.verhalenbank.17753
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou.
"Ja," sei beppe, "dat himdsje."
Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
nl.verhalenbank.33776
Myn wiif har beppe wie in tige from minske. Hja hie har mem forlern en dêr wie se o sa ûnwennich fan. Sy bidde algeduerich: "Hie 'k myn mem mar wer."
Op in joun doe kom har mem der oan. Sy hienen doe noch stiennen flierren en dêr kom har mem op bleate fuotten oan.
Hja soe sizze: "Hwat docht mem hjir mei bleate fuotten op dy kâlde stiennen", mar sy hie 't...
nl.verhalenbank.22874
Yn 'e Houtigehage wenne in húshâlding dy wie tige rûch. Dêr wisten se net fan fatsoen. De lytse jonge sei altyd, as er pisje moest: Mem ik mat mige!
Op in kear soe doomny dêr op hûsbisyk komme. Dat wie fan tofoaren ôfpraet. Doe sei de mem tsjin 'e lytse jonge: "As doomny nou aenst komt en dû mast pisje dan mast net wer sizze: "Mem ik mat mige! Mar dan...
nl.verhalenbank.32911
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil.
En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten.
De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta.
It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem.
"Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft...
nl.verhalenbank.19617
By de Skoallewyk yn 'e Houtigehage wenne in frou mei in dochter. Dy koenen fleane. 't Wienen tsjoensters. Op in moarn wienen se togearre oan 't toudounsjen.
nl.verhalenbank.27766