Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
Er waren verschillende rijmpjes op Thomas en Klare:
Wat is die Thomas een zotte vent,
wat mag die vent hem schamen.
Pekelharing heeft zelf gezeid
dat Klare, die moest kramen.
Een ander rijmpje was:
Thomas Klare, wat ben je mager,
Thomas Klare, wat ben je vet.
(dit werd te Houtigehage gezongen)
Weer een ander rijmpje, dat eveneens gezongen werd:
Als Thomas...
nl.verhalenbank.17641
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne."
Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
It is us in kear gebeurd, dan kaem ik thús fan 'e klaei. Dêr hie 'k oan 't wurk west. 't Wie sahwat ien ûre yn 'e nacht. De finsters fan ús hûs stienen heech opskoud en de gerdinen waeiden der troch hinne nei bûten ta. Ik seach ûnder 't finster troch. Der stie iten foar my op 'e kachel. Doe gong ik der yn en ik bigong to iten.
Doe seach ik in lyts deafet...
nl.verhalenbank.17683
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel.
Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Winterdeis flochten wy thús matten. Mem sutele se faek út mei de karre, mar heit ek wol us. Heit hie ûnder tsjinst by de jagers west en koe de hiele soldaterije.
Heit ried us mei de mattekarre fan Boelensloane nei Holwert. Hy soe nei 't Amelân ta.
Hy wie tusken Dokkum en Holwert yn mei de karre.
't Wie likernôch yn 1907.
Der kommen greate wolkens oan 'e...
nl.verhalenbank.21722
Blauwe Met wie in kaertlizter.
Ik moest yn 1917 ûnder tsjinst. 't Wie doe oarloch. Us mem leaude oan kaertlizzen. Ik moest yn novimber opkomme.
Op Feanstermerke praette mem mei Met. Met kom by ús thús om de kaert út to lizzen. Ik moest der by wêze. Heit wie fuort. Met lei de kaerten op 'e tafel.
"Sjoch ris, Aefke", sei se tsjin mem, "'k sil jo de warheit...
nl.verhalenbank.26101
Rogge is heilich. Us mem sei altyd: in roggebrogge is in heilige brogge.
nl.verhalenbank.17653
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
Us mem plichte to sizzen: Dû mast net sa gulzich ite, dû koest wol in wjerwolf wêze. Men seit ek: frette as in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37838
Mem (dat wie Thomas Klare, Klare van der Heide, in bikende kaertlizter) tsjinne yn Drachten. Minse Griper sei: "Klare, sil 'k strak mar us in grapke mei dy ha?" "Né," sei Tryn, dat matst net dwaen." Mar hy die 't àl. Mem wie oan 't Dwarsfeartster houtsje ta, doe sakken har de rokken ôf. Dat died er ek mei it toverboek.
nl.verhalenbank.17646
Mem hat alris in nachtmerje by har op bêd hawn. Dy prebearre har op 'e rêch to krijen. Mar doe hie mem har mei beide hannen beetkrige, mar se wie har samar út 'e hannen weigliden, sy wie sa glêd as in iel.
nl.verhalenbank.15906
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden.
Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
Myn wiif har pake, âlde Foppe Nieuwenhuis fortelde: Der wie us in faem, dy tsjinne by de boer. Dat fanke hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wol 'k joun in feint ha, as wie 't de duvel ek."
Dy jouns kom der in feint om har. Sy lieten him der yn. 't Wie in hiele raren ien om to sjen en hy hie in pear fremde fuotten. De boerinne hie fuort troch,...
nl.verhalenbank.21557
Ien fan ús dochters wennet op Koatstertille. Sy krige in poppe en myn wiif rekke der hinne op bisite. De baekster wie der ek noch. De poppe lei boven. Dy wie siik. Dy wie lang net goed. It bern joech hiele rare lûden, it doochde lang net.
Myn wiif sei: "Dêr skilt hwat oan. Ik mei net oer sokke lûden."
Doe hearden se ynienen in eigenaerdige slach, krekt in...
nl.verhalenbank.21547
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing mei elkoar. Mar dy feint hie noch noait hwat mei de faem dien, hwant dat woe se net lije. Sy hie 't wolris mei de hounen gebeuren sjoen, mar dat like har net sa moai ta.
Op in kear gong de feint wer nei syn faem ta. Hy tinkt: As ik nou wèr neat dwaen mei, gean 'k fuort en dan kom ik ek net wer. Doe't er...
nl.verhalenbank.27914
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn Grinzer Pein by de Skieding. Hja hie in great apelhôf. Op in kear doe siet har soan ta de apels yn 't hôf. Doe kom se by him op 'e biezem en sei: "Soestû my de apels der ôfhelje?"
De soan naeide út. Hja floddere him achternei op 'e biezem. Hy doarst de jouns net thús to kommen, sa bang wied er. De oare deis...
nl.verhalenbank.25507
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie.
Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús."
En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
Om 1800 hinne wenne der op 'e Boelensloane in famke, dat hie har mem forlern. Dat famke hie it dêr sa bot mei to krijen, dat sy die elke dei de winsk, sy woe har mem wer sjen.
Doe op in joun hearde hja sljurkjende fuotstappen foar it hûs. Sy harke en it hart sloech har der fan hwant it wienen har memme fuotstappen.
En doe seach se mei eigen egen har mem...
nl.verhalenbank.17638
Datselde âlde minske hie in dochter, dy koe èk tsjoene.
Op in moarntiid bitiid hat ien sjoen dat de mem mei de dochter om in beam hinne oan 't tikkerboartsjen wie.
nl.verhalenbank.25661
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282