Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven.
Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou.
Mar dat...
nl.verhalenbank.29409
Hjir flakby wenne in man, dy wie tyrannich en wreed. Syn wyfke hie in min leven by him. 't Minske wie och sa sacht. Doe't hja stoarn wie seagen guon har letter wol by de daem stean, nou en dan.
Trochdat de man har min bihandele hie liet se him net mei rêst. Us mem kom ris let fan in bisite werom. Doe wie 't al oer tolven yn 'e nacht. Doe hied er...
nl.verhalenbank.34603
To Surhuzum ha se yndertiid it heilich avondmaal fierd yn 'e kroech. It gong hiel bot op in spotten. Der wie ek in man by, dêr hat Albert Buma in dochter fan troud. Dy hat der doe sa fan lâns krige, doe't er út 'e kroech weikom, dat hy doarst letter net heal wer allinne de lannen yn. Dan moest der altyd ien mei him rinne. Sa bot is er doe smiten woarn.
nl.verhalenbank.21230
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Myn suster Dine wennet nou yn Canada. Hja hie as famke in kammeraetske, dat wie Seely Prins. Seely Prins har heit wie Ierde Prins, dy hie in fytsmakkerije.
Njonken Ierde Prins wenne Manus Wibe Anne (= Anne v.d. Meulen) mei syn frou Hiltsje. Anne wie in greate stjonker(t). In earst-forkearden ien, in sûper en in flokker. Syn frou hat hwat by him hawn! Hy...
nl.verhalenbank.34555
By de Fjouwer Roede yn Boelensloane wenne in âld frou, dy hie har man sa min bihandele. Dy man kom nei syn dea sa nou en dan wer by har. Dan bigongen de kopkes yn 't théblik to ratteljen en to skodzjen. Dan hie 't minske rêst noch dûr.
nl.verhalenbank.27892
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Syn soan joegen se 't selde nei. Dy kom ris in kear thús, doe wie him de hiele kop toklaud.
"Hwat mankeart dy?" fregen se.
"De duvel hat my fannacht tamtearre", sei er.
nl.verhalenbank.38022
RK: Hoor je ook verhalen over spoken en geesten...dat ze zeggen van, daar is een huis, waar het spookt?
TN: Ja, dat had ik toevallig laatst weer, maar dat is ook een verhaal dat ook in Ter Laan staat, of in dat boek van Huizinga-Onnekes, geloof ik. Onze oppasser vertelde dat. Die was bij een housewarming-party in Molenrij geweest...Moolnriege. En daar...
nl.verhalenbank.44005
Der sieten trije jongemannen yn 'e kroech to Minnertsgea. Dat wie yn heite feintejierren sahwat om 1900 hinne. Sy wienen aerdich hwat oansketten en gongen midden yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se op in platte sark sitten. Sy swearden as der in God wie, dan moest er him sjen litte. Wie der in duvel dan moest dy komme. Doe wie it God dy't kom....
nl.verhalenbank.23893
Yn Gytsjerk wenne in man dy joech om God noch syn gebot. Hy leaude oan neat en wie in great spotter.
Op in kear kom er fan Ljouwert. Hy roan de kanterlânske wei del. Mar doe hat er in rare reis makke. De boaze hat him dêr ûnderweis ûnder hannen hawn en him ôfgryslik tramtearre.
Letter is de man alhiel foroare.
nl.verhalenbank.22838
Yn Grootegast woonden in man en in frou in een mooi hearehûs. De frou was een van der Maar en kwam fan Gaarkeuken.
De man soop so, hy was alle doagen smoardronken.
As hy thuus kwam dan sloeg hy syn frou so dat se 't útroasde.
Se seiden teugen hoar: "Goa bij him weg", moar se deed 't niet.
Dat ging so heel lang. Altijd moar weer sloeg hij hoar.
Op 't lest...
nl.verhalenbank.27029
Vrouw Vink te Oud-Beierland werd beschuldigd, hare zieke meid te hebben betoverd. Om te weten te komen, of de beschuldiging waar was, deden de ouders van deze meid in een ijzeren pot met koud water eene levende kip en zetten de pot op 't vuur. Indien vrouw Vink, intusschen de kip nog niet was omgekomen, hun drempel overschreed met een ziekenkostje voor...
nl.verhalenbank.34686