Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: misdrijf Narrator Gender: female
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Dy't syn heit of mem formoarde hat kriget in rare kleur, in deadskleur. Ien fan 'e Tike wie sa'n man. Dy koe net stjerre. Doe sei der ien: "Hy hat de deadskleur àl, mar kin net dea."
nl.verhalenbank.29625
Bloedplakken fan in moard bliuwe altyd sitten. Sy sizze, yn Faen is de loft altyd read kleure, fanwege de gruwelen fan Rudolf de Mepske, dy't dêr pleegd binne.
nl.verhalenbank.25965
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
Oan 'e oare kant Hindrik en Hil oan 'e Lytse Wei stiet in beam mei in krús yn 'e stamme. Dat krús is der fansels yn kom, sizze se. Dêr is yndertiid in frou formoarde woarn. As dy beam ôfkapt woarde en hy kom letter wer op, dan kom dat krús der ek altyd wer fansels yn. Ik ha 't wol faek sjoen doe't wy noch fan dy bern wienen.
nl.verhalenbank.24339
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, kinne der noait wer út.
nl.verhalenbank.22268
Bloedplakken, dy't der by in moart komme, wolle der noait wer út. Dat hat ek it gefal west mei de moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates.
nl.verhalenbank.24436
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
By de Wedze is in man formoarde woarn. 't Wie in boer. In arbeider krige dêr de skuld fan, mar se ha 't noait biwize kind dat er it dien hat. Doe't dy arbeider op syn stjerbêd lei, sei er: "Greate Pier hat him de hals útsnien en ik moest tasjen." Bloedplakken dy't by in moard ûntstean kriget men noait wer út 'e flier of de muorre. Dy bliuwe der yn sitten.
nl.verhalenbank.30085
By 't Skilich Pypke sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kinne se noait omheechhelje, hwant as se de kiste mei de lodde oanreitsje, sakket er djipper. In menearke is dêr yn 'e buert formoarde woarn. Dy spûket dêr altyd noch om, nei't se sizze.
nl.verhalenbank.30079
Hjir op dit ein fan 't spoar is froeger ris in famke formoarde. Dat famke spûke dêr letter om, der binne forskate lju dy't har hjir wol sjoen ha. Myn suster sliepte ris in kear by de buorlju. Doe kaem dêr dy nachts dat famke foar 't glês.
nl.verhalenbank.29770
Bloedplakken dy't by moard ûntstean, wolle der noait wer ôf.
nl.verhalenbank.24646
35