Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Op dizze ein 't Suderdjip yn Grins wie it loazjemint fan van der Veen. Dêr kamen ris twa tsiiskooplju út 'e Westerein. Dy troffen elkoar dêr. Ik wie der sels ek. Dy beiden woen net foar elkoar wite hoefolle se dy deis fortsjinne hienen en hoefolle tsiis as se forkocht hienen. Doe krigen se rúzje. 't Wienen Sytse en Alle. De iene krige 't mes en stuts de...
nl.verhalenbank.30519
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun.
By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan.
Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien der wie us in moart yn gebeurt. De bloedplakken koenen se noait út 'e flier wei krije, se kommen der altyd wer yn. Ek as der in nije planke yn slein woarde. Dan kommen se dêr yn.
nl.verhalenbank.19941
Oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum hat om 1920 hinne Jan Kikkert earst syn wiif de hals útsnien mei in skearmes en doe himsels. It bloed, dat dêrby op 'e muorre kaem, woe der letter noait mear ôf.
nl.verhalenbank.31564
Bloedplakken dy't troch in moard ûntstien binne, kinne der noait wer út.
nl.verhalenbank.22268
Ype Boukes de Graaf wie de lêste, dy't to Ljouwert ophong waerd.
Hy kaem ris by in boerke to Tuskenloane ûnder Rinsumageast. Doe't er fuort gong praette er noch even mei dy boer. Doe sei er: "Hwat lit ús leaven Hear it moantsje moai skine." Dyselde nachts hat er dat boerke formoarde.
nl.verhalenbank.30047
Minsken dy't net stjerre kinne ha faek in ding oan, dat op snein makke is. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, dan is 't goed. Dit sei ús mem froeger.
Hat ien in moart dien, dan kin er ek net stjerre. Dan mat er dat earst bikenne.
nl.verhalenbank.32446
By it Poepekrús ûnder Jistrum is in poep formoarde woarn. Se ha dêr in krús yn 'e groun makke, dêr wol noait wer gjers op groeije.
nl.verhalenbank.31198
Bloedplakken, dy't der by in moart komme, wolle der noait wer út. Dat hat ek it gefal west mei de moart oan 'e Mûzegroppewei fan Sytse Bates.
nl.verhalenbank.24436
Yn 'e Surhuzumer Mieden ha se in âld-minske formoarde. Dat dienen se mei in swiere skoech; dêr sloegen se har mei op 'e holle. Ik wie dêr oan 't meanen. 't Wie allegear like stil. Doe hearde ik ynienen ien lûd razen: "O Minse! O Minse!" Ik der hinne. 't Wie allegear bloed. Dat siet tsjin 't sket op en oer de flier.
Mei wriuwen en wriuwen ha se prebearre...
nl.verhalenbank.25502
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Ik haw in jier by Taeke Hoeksma tsjinne oan 'e Lytse Wei. Dêr oan 'e Lytse Wei is us in kear in frommes formoarde. Doe ha se in krús op 'e beam set. Dat frommes spoeket dêr altyd noch, sizze se, mar ik haw har noait sjoen.
Mar dat krús is noait fuort to krijen. As se de beam omkappe, dan komt dat krús der altyd wer op.
nl.verhalenbank.22244
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
Hjir wennen trije bruorren dy skreauwen har Dalstra. Dêr is noch skaei fan. Ien fan dy bruorren hie boerefeint west yn Nyegea yn in âlde greate stjelp by twa âlde minsken. Dy feint rekke dêr wei, mar letter gong er dêr us op in kear mei syn beide bruorren hinne to jounpraten.
Sy woarden freonlik ûntfongen. Sy woarden yn 'e hûs noege en krigen kofje. Doe...
nl.verhalenbank.25488
By de Wedze is in man formoarde woarn. 't Wie in boer. In arbeider krige dêr de skuld fan, mar se ha 't noait biwize kind dat er it dien hat.
Doe't dy arbeider op syn stjerbêd lei, sei er: "Greate Pier hat him de hals útsnien en ik moest tasjen."
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean kriget men noait wer út 'e flier of de muorre. Dy bliuwe der yn sitten.
nl.verhalenbank.30085
Yn 'e Feansterheide wenne in man dy wie ek tige sterk. Dat wie net in fornamen ien en de plysjes wienen mar hwat bang foar him. Op in kear hied er hwat útheefd en hy moest sitte, mar de plysjes doarsten him net op to heljen. Dêrom stjûrden se Hearke der hinne.
Dy sei: "Hoe is 't mei dy?" Hy joech him de hân en knypte dêrby sa bot ta, dat it bloed, dat...
nl.verhalenbank.26168
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien en doe himsels fan kant makke.
Der spatte bloed op 'e bêdsté-doarren en der kaem bloed op 'e flier. Dat bloed ha se noait wer út it hout weikrije kind. Dat kaem omdat it moardners-bloed wie, waerd der sein.
nl.verhalenbank.32243
Vroeger woue ze hier in Goudriaan wel zegge, dat bloedvlekke niet uitgewist konde worde. "Daar is een moord gebeurd", zeje ze dan.
nl.verhalenbank.69284
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip.
Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Ik haw IJe Wykstra fan Greategast skoan kend. Ik ha wol by him west. Even foardat er dy fjouwer plysjes deasketten hat, siet der by har in houn foar de doar to spûkgûlen. IJe wenne by syn âlde mem yn. Doe't er dat spûkgûlen hearde, sei er tsjin har: "Dat bitsjut in deaden. Doe sei syn âlde mem: "Dan sil ik dat wol wêze, ik bin al âld."
De hiele nacht hie...
nl.verhalenbank.29716