Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea.
Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn.
De jouns fan...
nl.verhalenbank.32299
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
Oan 'e Wedze is ek al ris ien formoarde woarn. Dêr hat lang in krús fan yn in ikebeam sitten op it plak dêr't de moard gebeurd is. Sy seinen dat dat krús der fansels wer yn kom as de beam ôfkapt woarde en hy groeide wer oan.
nl.verhalenbank.32674
Lichtvrouwkes en gloeiende mannen waren er overal maar vooral in de Peel. Gloeiende mannen zeiden: "paalt recht." Tijdens hun leven hadden ze oneerlijk teveel grond omgeploegd en bij hun akker gerekend. Soms ook waren het jachtopzieners die om premie te winnen gevèt hadden op stropers.
nl.verhalenbank.43933
Der wie ris in fékoopman, dy kaem op in freed-to-joun fan Ljouwert. Hy hie kij forkocht en hy hie gâns in knoarre jild by him. Hy roan de Godloas Singel del. Doe seach er guon oankommen, twa man. Hy tocht: Duvel, ik mei wol hwat foarsichtich wêze. Miskien is 't dy mannen om myn jild bigoun.
Doe lei dêr in omkearde skou oan 'e kant yn 'e berm. Dêr krûpte...
nl.verhalenbank.30513
Fan 'e Skieding (by de Tike), by bakker Welling, oer de Hearrewei hinne, giet de Susterswei nei Sumarreheide ta. Dêr wennen froeger twa susters oan dy wei. Dy hienen in protte jild yn 'e hûs en binne doe formoarde woarn troch in feint fan 'e Houtigehage. Sûnt dy tiid hiet dy wei de Susterswei.
nl.verhalenbank.30329
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
As der ien formoarde wie, dan koenen se de bloedplakken letter net wer út 'e klean krije.
nl.verhalenbank.31976
Op Teadehoekje woarde Teade Wagenaar formoarde om in pear sinten. Hy hie in koe oan 't tou, doe't er foarmoarde woarde. Ien hie him in stok ta de hals yn treaun. De oare moarns, doe't er dea foun waerd, hie er it tou fan 'e koe noch yn 'e hân.
Us mem en dy ha tichte by Teadehoekje wenne oan 'e Slingerwei. Dêr tichteby wenne ek in sekere Bonne Veenstra. Dy...
nl.verhalenbank.19744
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde.
Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066
Tusken de Wylgen en Drachten spûke it. Dêr is Teadehoekje. Dy is der formoarde. Sûnt spûke hy dêr.
nl.verhalenbank.29494
Ik ha twa minsken kend, in man en in frou. Dy koenen min mei mankoar. De man bihandele syn frou skandalich. Doe binne se by elkoar wei rekke.
Letter helle dy keardel in tige minne streek út. Dat wie in strafber feit en hy woarde der foar op helle. Mar hy sei dat er it net dien hie.
De dochter fan dy lju lei dy nachts op bêd. Har mem wie doe al lang...
nl.verhalenbank.25708
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde."
Mar de man sei: "'t Falt hwat ta."
Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove.
Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Der siet in man yn 'e gefangenis. Hy woarde fortocht fan hwat, mar 't wie net biwezen.
Sy sochten om 'e dader.
Ien fan 'e hegere rang hie in rêd. Dat rêd wiisde de man yn 'e gefangenis oan. Doe't it rêd by dy man wie, hâldde 't op.
nl.verhalenbank.27069
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest.
Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
By in moart wol it bloed net wer fan 'e plakken ôf, dêr't it tolânne kaem, haw ik faek sizzen heard.
nl.verhalenbank.31193
Oan 'e Harstewei ha jy it poepekrús (Dat is noch in âld stik fan 'e wei fan Ljouwert nei Grins). Dêr ha se froeger in hantsjemier formoarde, doe't dy mei syn fortsjinne lean wer op hûs yn soe. Dat krús sit yn 'e greid (yn 'e berm). It is fan swarte ierde, en der waechset gjin gjers op.
nl.verhalenbank.32673