Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
79 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: misdrijf
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Oan 'e Lytse wei woarde froeger âlde Sytske formoarde. De bluodderige steden fan 'e fingers ha dêr jierren-lang by dat húske op 'e stamme fan in beamke stien. Dat bloed woe der net wer ôf. Letter ha se in krús set op it ikenhouten stambeamke. Yn 'e daem by dat beamke wie se formoarde.
nl.verhalenbank.20371
Dy't syn heit of mem formoarde hat kriget in rare kleur, in deadskleur. Ien fan 'e Tike wie sa'n man. Dy koe net stjerre. Doe sei der ien: "Hy hat de deadskleur àl, mar kin net dea."
nl.verhalenbank.29625
Frijmitselers forkeapje har siel oan 'e duvel. Dêr krije se jild foar yn 't plak. Oan jild ha se noait gebrek. Nou en dan hâlde se in forgadering yn in gebou. Dêr wurdt dan ien útkiesd, dy't ien formoardzje mat.
nl.verhalenbank.29592
Watergeesten: Lang geleden woonde er een boer in Kessel-Hout, die slecht met zijn vrouw kon opschieten. Het kwam zover, dat hij er over ging denken, haar van kant te maken. Op een zondagmiddag ging hij met haar door het veld wandelen, om de akkers te bezichtigen. Hij ging onopvallend naar een diepe poel in de Kerke-horsten, een restant van een vroegere...
nl.verhalenbank.69377
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Op 'e Mûzegroppewei hat Bate Bates lang lyn syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels fan kant makke. Dêr wie in rymke fan (ek in strjittesang): Bate Bates dy is gemien, dy hat syn eigen dochter de hals útsnien. En doe waerd er sa binaud, doe hat er himsels de kop ôfhoud. De bloedplakken yn dat hûs ha se der noait wei krije kind. Hja koenen de...
nl.verhalenbank.29597
Bloedplakken fan in moard bliuwe altyd sitten. Sy sizze, yn Faen is de loft altyd read kleure, fanwege de gruwelen fan Rudolf de Mepske, dy't dêr pleegd binne.
nl.verhalenbank.25965
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
Gebeurt der in moart en dêr falt bloed by, dan kinne se dat bloed wol útwiskje, mar it komt hyltyd wer.
nl.verhalenbank.25437
Op 'e Finnen to Feanwâlden lei faek in skipper oan 'e wâl. Mar as er even fan 't skip ôf wie of hy wie mei syn frou to winkeljen, dan lei it skip altyd los, as er thúskom. It gebeurde nachts ek wol, as se op bêd leinen. Dan wie 't skip de oare deis los. Op in kear doe wie de skipper nei in feest ta. Doe't er werom kaem wie 't hiele skip fuort. Doe seach...
nl.verhalenbank.30953
Oan 'e oare kant Hindrik en Hil oan 'e Lytse Wei stiet in beam mei in krús yn 'e stamme. Dat krús is der fansels yn kom, sizze se. Dêr is yndertiid in frou formoarde woarn. As dy beam ôfkapt woarde en hy kom letter wer op, dan kom dat krús der ek altyd wer fansels yn. Ik ha 't wol faek sjoen doe't wy noch fan dy bern wienen.
nl.verhalenbank.24339
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
nl.verhalenbank.31913
Faek ha 'k fortellen heard dat moardnersbloed net wer útwiske wurde kin.
nl.verhalenbank.31244
Oan 'e Mûzegroppewei wenne Sytse Bates Batema yn in âld húske. 't Wie yn 'e winter. De soan wie út to reedriden. Sytse wie mei de dochter thús. Hy wie widner. Doe sei de dochter: "Ik wol ek ride." "'t Gebeurt net", sei Sytse. Mar hja seurde him om 'e holle. Doe woarde Sytse lulk. Hy krige de bile en hat syn dochter de harsens yn slein. Doe hat er himsels...
nl.verhalenbank.22238
De kant út nei Kûkherne, oan 'e Noardkant, dêr wie froeger in bosk en dêr spoeken by nacht twa famkes. Der waerd sein, dat dy dêr formoarde woarn wienen. Ik haw wolris fortellen heard dat dy famkes forgroeid (oan elkoar groeid) wienen. Guon seagen der tsjin oan om dêr jouns lâns to gean.
nl.verhalenbank.29797
Bloedplakken dy't troch in moart ûntsteane kin men letter net wer útwiskje.
nl.verhalenbank.31127
As der ergens in moard gebeurd is, kinne se de bloedplakken der letter net út krije.
nl.verhalenbank.29684
Op 'e Noarderhegewei binne alris twa âlde minsken formoarde woarn. It wie sahwat op 'e Kletten. Oan 'e skoarstienmantel en oan 'e soudersbalken binne de bloedplakken sitten bleaun en dy binne der net wer ôf to krijen. Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûs stien dêr is ek in moart yn gebeurd. (Sytse Bates). Dêr sieten bloedplaken yn 't bêdsté. Sy dienen der fan...
nl.verhalenbank.24388
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
1