Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: misdaad Narrator Gender: male Place of Narration: Sumar
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde. Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
De spoekjende susters fan Sigerswâld In spoek is altyd op in plak dêr't wat bard is, wolle se beweare, en foaral as der guon fermoarde binne, dan dwirrelt de siel fan 'e slachtoffers dêr om en op gesette tiden komt er wer foar 't ljocht. As it kin, dan wol er dejinge dy't it him oandien hat treffe. Dat leauden se, doe't wy nei skoalle gongen; no is it der...
nl.verhalenbank.12169
Minsken dy't net stjerre kinne ha faek in ding oan, dat op snein makke is. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, dan is 't goed. Dit sei ús mem froeger. Hat ien in moart dien, dan kin er ek net stjerre. Dan mat er dat earst bikenne.
nl.verhalenbank.32446
35