215 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: metamorfose
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
nl.verhalenbank.32177
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Hja hie bleke steden ûnder 'e egen en wie altyd blau om 'e kop. Hja foroare har yn in kat. As ien mei Tet oproan koe 't samar gebeure, dat er ynpleats fan in minske in swarte kat neist him hie.
nl.verhalenbank.20349
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek wol yn allerhande oare dingen. Alde Jelle Tryntsje wie sa'n tsjoenster. Hja wenne yn Gr. Pein. Bearn van der Woude wenne foar yn 'e Parken. Op in joun kom er bûtendoar, doe seach er dêr in branjebult, dy wie der oars net. Hy giet yn 'e hûs, pakt syn gewear en sjit op dy bult. De oare deis moest Jelle...
nl.verhalenbank.25225
Alle Tet koe har yn in skiep foroarje. Ik gong wol us to sichtsjen mei har soan Jetse. Jetse moest us in kear nei de W.C. Wylst er dêr siet, kom der in hiel dik swart skiep oan. 't Wie by Aen. Aen kom bûtendoar. Jetse sei: "Hwat wie hjir in dik swart skiep." Doe seagen se 't op in dyk fleanen, mei gewelt. Aen en Jetse der achteroan. By Alle en Tet woarde...
nl.verhalenbank.22204
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke." Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Dy't froeger in doek om 'e holle hie, dat wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.19898
Wy hienen in famke, dat waerd bitsjoend. Hja is dea gong. It bern waerd siik en dat waerd minder en minder. Op in nacht waerd ik wekker en doe gûlde it bern sa. Ik sei: "Wolst by my lizze, leave?" Doe kaem se by ús to lizzen. Hja hie noch mar even by ús lein, doe sei 'k tsjin myn man: "Nou mast dêr ris hearre, sa raer docht dy kat it." Doe stie der in kat...
nl.verhalenbank.29740
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens fan 'e minsken dy't se bitsjoene. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme. De bern droegen duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.29595
It gebeurde op in kear, doe wie myn jongste broer bitsjoend. Doe gong ús heit der op út om duveldrek, hwant dat moest de lytse jonge yn in pûdtsje op 't boarst ha. Doe wie heit op 't Rjochte ein, doe wienen dêr twa katten oankaem mei hiele gleone eagen. Heit skopte der op en doe rekke er ien fan dy katten. De oare deis kaem heit in âld wiif tsjin, dy hie...
nl.verhalenbank.30952
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje. As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând. Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik. Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat. De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear. It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
In tsjoenster kin har yn alle swarte dieren foroarje, mar meastal yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.31236
As de katten op 'e Heide raesden, seinen de minsken: Wemel is ek wer warber. Wemel, dat wie in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30317
1