Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
28 datasets found
Dutch Keywords: mestgat
Sterke Hearke wie arbeider op 't Bouwe-kleaster by Bindert Japiks. Hja wienen ris oan 't dongladen. Twa hynders moesten in weinfol dong út it skerngat lûke. Mar de hynders koenen gjin skrip krije. Doe die Hearke de hynders foar de wein wei. Hy krige it tiksel beet en luts allinne it hiele foer ûnder ta 't skerngat út. Doe die hy de hynders der wer foar en...
nl.verhalenbank.28920
Ek in kear, doe wie Hearke oan 't dongmennen. Doe hied er in wein fol dong laden, mar doe koe it hynder de wein net ta 't skerngat út krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels oan 't tiksel stean. En hy luts de wein pûr allinne ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.29965
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne. It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út. Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne. Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze." Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren. Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
In foer dong luts Hearke mei ien hân oan 't koarttiksel samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.20360
Yn 'e Hamsherne wienen se oan 't dongriden. Twa hynders hienen se foar de wein. De dieren koenen de dong min út it donggat wei krije. Doe't it tiid fan kofjedrinken wie, hienen se krekt wer in wein laden. Sy spanden de hynders út en gongen yn 'e hûs. Under 't kofjedrinken moest Hearke der even út to pisjen. Doe't it kofjedrinken dien wie en it folk...
nl.verhalenbank.17686
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. Hy wie dêr mei de boer oan 't dongladen. Doe't de wein laden wie moesten de beide hynders him út it skernegat lûke. Mar de hynders koenen dat net dwaen, se koenen gjin skrip krije. Doe sei Hearke: "'t Is neat wurdich mei jim." Hy die de hynders foar de wein wei en luts him sels allinne by 't tiksel ta 't...
nl.verhalenbank.31182
Ek in kear doe siet der in wein fol dong fêst yn it skerngat by Bindert Japiks fan 't Bomkleaster. De hynders koenen de wein dêr net wei krije. 't Skerngat wie to leech. Doe hat Hearke him foar de wein spand en hy krige him der wòl út.
nl.verhalenbank.37320
By Bindert Japiks hienen se altyd âlde hynders. Sterke Hearke wie dêr arbeider. Op in kear moest er dongmenne. Mar de hynders koenen de dong net út it skerngat krije. Doe krige Hearke it tiksel beet en hat allinne de wein út it skerngat lutsen.
nl.verhalenbank.25331
Alde Foppe van der Ploeg syn heit fan Koatstermoune fortelde, Hearke hie ris in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.38638
Greate Pier hat de sterkste man west dy't Fryslân oplevere hat. Mar Sterke Hearke wie ek sterk. It wie oars mar in meger mantsje haw ik wolris heard. Doe't er jongfeint wie moest er ûnder tsjinst, mar dêr hied er in great hekel oan. Hy wie soldaet to Ljouwert, mar dêr mocht er min wêze. Dêr stie in gewicht fan tolvehûndert poun by de kaserne. Doe sei er...
nl.verhalenbank.28748
Yn Bûtenpost wenne ek in hiele sterke keardel. Ik ha sels sjoen hoe't er de wein mei dong al hielendal allinne út it skerngat weiluts nei't er it hynder der foar wei spand hie. Hy woe net lije dat it hynder it die. De namme fan de man wit ik net, mar hy wenne oan diz kant de timmerfabryk fan van de Witte (doe molkfabryk). Dy man hie alle wylde hynders yn...
nl.verhalenbank.29534
By Bindert Kloosterman moest it hynder ris in foer dong ta it skerngat útloeke. It dier bisocht it kear op kear, mar hy koe 't net oprêdde. Doe spande Hearke it hynder út en luts de wein sels pûr allinne út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.31540
Der moest us in kear by Bindert Japiks op it Kleaster in foer stront út it skerngat weilutsen wurde. Twa hynders koenen it net dwaen. Doe is Sterke Hearke foar de wein stean gong by 't tiksel en dy hat him der pûr-allinne útlutsen. (ek it forhael mei de ploege forteld)
nl.verhalenbank.22281
Sterke Hearke wie ris yn Readskuorre oan 't wurk. Hy wie oan 't dongladen. Doe koe it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en krige de folle wein by 't tiksel beet. Sa luts hy allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.35927
Hy hat ris hielendal allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't it hynder it net dwaen koe.
nl.verhalenbank.29658
Op it Bomkleaster by de Kloostermannen wienen se oan 't dong opladen út it skerngat wei. Der stienen twa hynders foar de wein. De hyns soenen 't der útlûke, mar doe rekken de stringen stikken en ien sile gong stikken. De hyns koenen de dong der net weikrije. Doe wie Hearke der oan kom. "Hwat spektakel ha jim dêr?" hied er frege. De boer sei: "De bliksemse...
nl.verhalenbank.25099
Greate Ynse wenne yn Bakkefean. Hy hat yn in keet wenne. Sa'n 70 jier lyn haw ik dy keet noch wol sjoen. Hy wie ôfgryslike sterk. Der wie ris in boer oan 't dongriden, mei twa hynders foar de wein. De wein kaem fêst to sitten. De hynders koenen de folladen wein net út it skerngat wei krije. Doe sei de boer: "Gean even nei Ynse ta." Ynse hat doe de wein...
nl.verhalenbank.31946
Ek ris in kear doe koenen de twa hynders de dong net út it skerngat wei krije. Sy koenen gjin skrip krije. Hearke die de hynders foar de wein wei en sloech de hannen om 't tiksel hinne. Sa luts er de dong út it skerngat wei en brocht de wein op 'e wei.
nl.verhalenbank.28755
Twa âlde hynders moesten in foer dong út it skerngat wei lûke. Se koenen de weinen der net út krije. Doe sei sterke Hearke tsjin syn suster: "Ik by 't tiksel en dû skouwe." De hynders woarden útspand en de beide minsken hienen de dong samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.12554
35