Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt.
Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei.
Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy luts op in kear in boerewein mei dong laden samar ta de skerne út.
nl.verhalenbank.37450
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.
nl.verhalenbank.27710
Mem fortelde ek, der hie ris in feintsje by in boer wenne, dy hie alle wurk yn in omsjoch dien. As er modderbultstruije moest, dan klapte er mar even yn 'e hannen en 't woarde foar him dien. Dat feintsje hie in forboun mei de kweade happert, sei mem. D_ die 't wurk foar him.
nl.verhalenbank.32973
Op in kear kaem Hearke fan 't lân, in eintsje fierder wie in buorman oan 't dongriden, dy brocht de dong oer 't lân.
Doe hienen de beide jonges fan dy buorman sa'n protte stront op dy wein laden, dat it hynder koe de wein noait út it skerngat weikrije.
Doe kaem Hearke der oan.
Doe seinen dy jonges tsjin Hearke: "Wolle jo even mei oanskouwe?"
"Dat kin...
nl.verhalenbank.29574