Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út.
Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
Sterke Hearke wie bysûnder sterk. Hy hie in âld hynder, as dat it wurk net dwaen koe die er it sels. As it hynder de wein mei dong net út it skerngat lûke koe, luts hy it der sels út.
nl.verhalenbank.27655
Hearke dy luts samar in folladene wein mei dong ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.37403
Ik bin fan '79. It hie mooglik west dat ik sterke Hearke noch kend hie (H. is stoarn yn '89), mar ik ha hjir altyd wenne en kom as jonge noait yn Droegeham. Mar de forhalen wienen hjir wol.
Der mat him us in kear in man frege ha nei de wei. Doe wie Hearke krekt oan 't ploegjen. Doe hat er de ploege optild en dêr hied er de man it paed mei oanwiisd.
Hy...
nl.verhalenbank.27980