Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne.
Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze."
Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren.
Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
In foer dong luts Hearke mei ien hân oan 't koarttiksel samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.20360
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy luts op in kear in boerewein mei dong laden samar ta de skerne út.
nl.verhalenbank.37450
Ek in kear doe siet der in wein fol dong fêst yn it skerngat by Bindert Japiks fan 't Bomkleaster. De hynders koenen de wein dêr net wei krije. 't Skerngat wie to leech. Doe hat Hearke him foar de wein spand en hy krige him der wòl út.
nl.verhalenbank.37320
Sterke Hearke wie myn âldomke. Hy wie by Bindert Japiks yn tsjinst. Op in kear wienen se oan 't dongladen. Doe koenen de hynders de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe lei Hearke earst posten ûnder 'e fjilden en doe luts er pûr allinne de wein oan 't fêste paed ta. Doe kommen de hynders der foar. Sa hat myn omke 't my forteld, dy't der by wie.
nl.verhalenbank.19560