Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 't Wytfean wenne in feint by de boer. Dy feint strúnde in bult allinne om.
"Jonge," sei de boer us op in kear tsjin him, "dû mast nei it lân ta to dongstruijen."
Dêr lei in hoeke dong fan komsa op dat lân. Sy hienen dagen riden hawn om it dêr to bringen. Nou moest de feint al dy bultsjes út elkoar struije. 't Wie in ein fan 'e plaets ôf.
De boer sjocht...
nl.verhalenbank.25813
Sterke Hearke hat us by in boer op it Bomkleaster pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. De boer woe 't net leauwe, doe't se it him fortelden, mar doe is er der hinne gien en doe seach er in pear soallen fan skuon op 'e skerne lizzen. Hy naem se yn 'e hannen. Dy soallen wienen fan Hearke syn skuon. Dy wienen der ûnder 't lûken ûnderwei barst.
nl.verhalenbank.21208
Hearke luts in weinfol dong samar allinne fuort.
nl.verhalenbank.17587
By Bindert Japiks stie in foer dong by de skerne yn 't skerngat, dat koenen de hynders der net út weilûke. Doe sei Hearke: Ik sil 't wol dwaen. Hy heakke de hynders út en luts allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36196
Hearke wie boerearbeider by Kloosterman op it Bomkleaster.
Doe soe it hynder dêr ris in weinfol dong út it skerngat lûke, mar it beest koe de skrip net krije. Doe gong Hearke by it tiksel stean en luts de wein der allinne út.
nl.verhalenbank.28169
Op it Bomkleaster by de Kloostermannen wienen se oan 't dong opladen út it skerngat wei. Der stienen twa hynders foar de wein. De hyns soenen 't der útlûke, mar doe rekken de stringen stikken en ien sile gong stikken. De hyns koenen de dong der net weikrije.
Doe wie Hearke der oan kom. "Hwat spektakel ha jim dêr?" hied er frege.
De boer sei: "De bliksemse...
nl.verhalenbank.25099
It mat gebeurd wêze op it Bomkleaster, dêr't Hearke boerearbeider wie, doe koenen de hynders it foer dong net út it skerngat weilûke. Doe hie Hearke him foar de wein spand en him der hielendal allinne útlutsen.
nl.verhalenbank.37836
Der wie in jonge, dy tsjinne as lytsfeint by de boer. 't Wie dy deis merke yn 't doarp en dêr woe dy jonge de middeis graech hinne.
Mar de boer sei: dat kin net, dû mast hjoed dong út elkoar struije. Fansels, sei er, ast dat dien haste, meist wol nei de merke ta. Mar it wie sa'n put wurk, dat in gewoan minske hie der op syn minst twa dagen wurk oan.
Mar...
nl.verhalenbank.24875
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op 't Bomkleaster. Doe moest it hynder ris in kear in foer stront út it skerngat lûke. Mar dat hynder koe 't net oprêdde. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels foar 't tiksel stean. Hy skuorde allinne de wein mei stront der út. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.27602
Sterke Hearke dy luts pûrallinne in foer stront út it skernegat wei.
nl.verhalenbank.23935
Op 't Bomkleaster mat er boerearbeider west ha. Dêr hat er pûrallinne in weinfol dong ta 't skerngat útlutsen, doe't de hynders it net rêdde koenen.
nl.verhalenbank.32237