Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
Sterke Hearke wie boerearbeider op it Bouwekleaster by Jan Binderts Kloosterman. Dêr wie ek in omkesizzer by Jan Binderts. Dat wie Germ de Vries. Se wienen us oan 't dongriden. Hearke mei noch in arbeider laedden togearre dong op 'e wein en stienen yn 't skerngat.
Op it lân stie ien arbeider to oplûken.
Jan Binderts brocht de dong nei 't lân ta.
Hearke...
nl.verhalenbank.17691
Vrower en dat zal nog wa zao wenn, dat d'r wa rieke leu bent, dee wa vee hebt, mer d'r was d'r een, den har nog wa huurleu en den har ok nog zon veer, vief beest en joonkvee wa, mer melkn, door was een van dee huurleu, een van de vrouwleu met belast tengn betaling, mer bie de weinterdag stun dat vee ôp 'n stal en har he 's morns, doe he door kömn was, dan...
nl.verhalenbank.128429
Hwannear't Hearke dong laedde sette er dat yn seis stikken op in boerewein. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.25151
Eibert Veenstra wenne yn 'e Westerein. Se neamden him Golo. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy tilde samar in kroade fol dong op en stuts dy mei beide hannen rjocht foar him út. Jappe Eibert seinen se ek wol.
nl.verhalenbank.36307
Kabouters breken mest in ongelooflijk korte tijd
Ik verhuurde me vroeger bij een boer in Weert, bij Kessels. De vader van deze boer had een kabouter gehuurd, maar dat wist ie natuurlijk niet. Met de kermis moest die kabouter mest gaan varen, maar ie had graag naar de kermis gegaan. En ie vroeg aan de boer: 'Als ik het mest gebroken heb, mag ik dan naar...
nl.verhalenbank.35626
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne.
Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze."
Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren.
Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
Us heit syn heit hat by Bindert Japiks jonges oan 't dongmennen west. 't Wie altyd it gebrûk dat deselde dy't mende, dat dy de wein flak by de skerne brochte. Dat wie heit syn wurk. Hearke laedde.
Doe hie de lytsfeint tsjin heit sein: "Dû hoechst dy wein hyltyd net sa ticht by de skerne to lûken. Dat kin Hearke allinne wol dwaen; dy is sterk genôch."
Dêr...
nl.verhalenbank.32765
Dongstruiers
In Gariper boer hie lân yn 'e Stûkfjilden tusken Garyp en Warten. Dêr stjoerde er op in kear in feint en in arbeider hinne te dongstruien. It wie in hiele lape en doe sei er: 'Jim moatte jim mar kloek hâlde, dat jim hjoed dien krije'. 'Dat is goed, boer', sei de arbeider en se gongen hinne.
Doe't se by it lân kommen wienen, bleauwen se...
nl.verhalenbank.12463
In foer dong luts Hearke mei ien hân oan 't koarttiksel samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.20360
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Kloosterman, in boer op it Bomkleaster. Hy wie dêr ris oan it dongladen wylst in jongere arbeider de dong fuortried en loste op it lân.
Mar Hearke koe sa hurd net lade as de oare de dong toplak brochte. Dat sinnige Hearke net.
Hearke hie in jonge by him dy't him hwat holp en hantlange. Tsjin dy jonge sei er: "Nou...
nl.verhalenbank.31537
Op 't Wytfean wenne in feint by de boer. Dy feint strúnde in bult allinne om.
"Jonge," sei de boer us op in kear tsjin him, "dû mast nei it lân ta to dongstruijen."
Dêr lei in hoeke dong fan komsa op dat lân. Sy hienen dagen riden hawn om it dêr to bringen. Nou moest de feint al dy bultsjes út elkoar struije. 't Wie in ein fan 'e plaets ôf.
De boer sjocht...
nl.verhalenbank.25813
Yn 'e Hamsherne wienen se oan 't dongriden. Twa hynders hienen se foar de wein. De dieren koenen de dong min út it donggat wei krije. Doe't it tiid fan kofjedrinken wie, hienen se krekt wer in wein laden.
Sy spanden de hynders út en gongen yn 'e hûs.
Under 't kofjedrinken moest Hearke der even út to pisjen. Doe't it kofjedrinken dien wie en it folk...
nl.verhalenbank.17686
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op it Kleaster. Der woarde dong laden en dat wie Hearke syn wurk altyd. Mar de hynders koenen de weinfollen hast net út it dongsté wei krije, safolle sette Hearke der op.
Doe woarde it tiid fan kofjedrinken. It folk gong mei de boer yn 'e hûs. Doe sei de boer tsjin Hearke: "Dû mast de weinen eins net sa fol...
nl.verhalenbank.16942
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne.
Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite.
Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
Sterke Hearke fan de Ham luts in foer stront samar mei de hân út it skerngat wei as er tochte dat de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.23746
As Wopke Brouwer mei kunstmest nei 't lân moest, dan ried er net mei de wein troch de daem hinne, - dat wie folle fierder - mar hy bleau foar de sleat stean, dy't tusken 'e dyk en syn lân yn lei en dan smiet er de sekken kunstmest fan elk 150 poun samar oer de sleat hinne yn it lân. Dat skeelde him in ein riden.
nl.verhalenbank.30128
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn)
Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915