Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Grinzer Pein hienen jy de Jan-Ljibbes poel. Dy wie sa djip, dat sy koenen dêr gjin groun krije. Der siet ek noch in draeikolk yn. Fiskje koenen se dêr net fanwege de djipte. En net ien dy't dêr swemme doarst.
nl.verhalenbank.25790
In feint út 'e Harkema hie nei de faem ta west yn 'e Koaten. Op 'e Tille woarde er fan in ûnbikende yn 'e dobbe set. De oare moarns dreau de pet der noch yn.
nl.verhalenbank.21256
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Ik ha 't ris bileefd, doe wie 'k tichte by in dobbe by de Fjouwer Wringen. Midden yn dy dobbe wie in djippe put groeven. Dêr kaem in man oanrinnen, dy roan lyk op 'e dobbe ta en forsonk yn 'e put.
It wetter buorrele. De man kaem der wer út en roan fierder de Lange Loane út.
nl.verhalenbank.17524
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Ik bin Okke van den Berg
Dit is wier bard, hear! Teminsten, ik haw it Wytse Gal fertellen heard, en dy is it sels oerkommen.
Wytse Gal, hjir fan 'e Gallestreek, by de Feart lâns (te witten: op 't Surhústerfean), dy koe goed reedride, hear! Hy hurdried wol en hy wûn ek gau ris in priiske. Doe soe der in hurdriderij wêze hjir of dêr yn 'e midden fan...
nl.verhalenbank.13033
Op Gerkeskleaster seagen ik en myn jonge allebeide in fjûrbol boven 't wetter. It gong sahwat in meter boven 't djip fan Strobos nei Skûlenburch ta. It sûze der oer. It wie krekt as wie 't stien.
nl.verhalenbank.12488
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Froeger hat der in burgemeester op 'e Like wenne. Dat wie Panhuyzen. Dy wie smoarryk. Hy hie in protte plaetsen yn Grinslân. Ienkear yn 't jier dan reizge er dêrhinne om 'e hier.
Dy van Panhuyzen wie ek frijmitseler. Mar hy hat in raer útein hawn.
Hy gong mei in glêzen wein mei syn koetsier en syn frou en twa dochters nei de hierslju ta en doe't er al dat...
nl.verhalenbank.25731
Yn 'e Liuwepoel yn 'e Harkema sit in munster. Soms roert it him, dan is it wetter yn biweging. Op in jountiid hat dat mûnster by de widdou van der Ploeg yn 'e hûs west. It gong op 'e stoel sitten. It minske wenne deun by de stoel [poel?]. Hja is it hast bistoarn fan bangens en hat der in hartkwael fan oer hâlden.
Fier fan to foaren gong it gerucht troch...
nl.verhalenbank.15608
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út."
Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei:
"De tijd is verschenen, de man is er niet."
Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
nl.verhalenbank.23941
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear.
"Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure."
Mar ik leau net dat der oant diz...
nl.verhalenbank.33417
Op 'e Lange Loane ûnder Surhústerfean, dêr spoeke it. Dêr roan elke joune in minske mei in bûnte skelk foar en in mûtse op nei de dobbe ta. En dêr yn dy dobbe woardde se wei. Men seach har der net wer útkommen. Ik ha 't ien kear mei myn eigen egen sjoen, doe wie 'k noch in jonge.
nl.verhalenbank.12491
De Liuwepoel en 't Fliet mat ien yn forsûpe.
Yn 'e Liuwepoel in famke mei read hier. Twa minsken ha dúdlik heard, dat der ien "Help - help!" rôp. Mar der wie neat to sjen.
Der sit in glêd ding yn 'e Liuwepoel.
Ik ha de Liuwepoel us hielendal yn biweging sjoen, wylst it blêdstil wie.
Netten komme der altyd yn grús wer út.
Der sit in munster yn.
nl.verhalenbank.23671
Yn 'e Liuwepoel (yn 'e Harkema) mat noch ien fordrinke. Dêr wurdt altyd foar warskôge. 't Is in kear sein woarn.
nl.verhalenbank.12482
Yn 'e Liuwe-poel yn 'e Harkema sit in monster, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25789
Yn 'e Liuwepoel hearden se in kear 'help' roppen. Dêr mat altyd noch ien yn fordrinke, is 't sizzen.
nl.verhalenbank.25760