Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Janke-dobbe, yn 'e Houtigehage, is froeger in frommes mei in bern forsûpt. Guon hearre altyd noch it lûd fan Janke jouns yn 'e dobbe, as se dêr lâns komme.
nl.verhalenbank.23587
Hjir tichte by wenne in dikke boer, dy hie lytse Albert Scholte ris in wân op 'e hûd jown. Albert sei: "Dat ûnthâld ik salang ik leef."
De boer woarde âld. Nei jierren roannen Albert en de boer togearre ris oer de skeanpaden. Dêr pakte Albert him.
"Wytst wol, datstû my slein haste?" sei er. En hy smiet de boer yn 'e dobbe.
Doe kom der krekt in plysje oan....
nl.verhalenbank.23989
Yn 'e Harkema ha guon in stem út 'e Liuwe-poel roppen heard: Help! De hiting is, dat dêr noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.25878
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf.
Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Yn 'e Jan Brants dobbe, dêr hearden se faek in stem yn fan in bern dat raesde. Der wurdt ornearre dat dêr altyd nochris ien yn fordrinke sil.
nl.verhalenbank.23831
De Blauwe dobbe by 't foetbalterrein mat ôfgryslike djip wêze.
nl.verhalenbank.23830
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.)
Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879