Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
As der in mans- of frouspersoan nei de duvelbander west hie, gebeurde 't faek dat in houn him ûnderweis by de hûd opsprong om de drank kapot to meitsjen.
nl.verhalenbank.24825
Alberts Gees gong us in kear nei âlde Jitse Wyts ta. Doe krige se fan 't minske in bakje kofje. Doe't se 't opdronk fornom se wol dat der ek noch hwat oars as kofje troch 't kielsgat sakke wie. Doe't Gees thús kom, wie se siik.
Doe hat heit nei har ta west, en dy joech har duveldrek.
Dat nom se yn.
Even letter spuide se allegear fiskjes út.
nl.verhalenbank.25475
Hinse Beest
Der wie ris in jongfeint, dy woe Hinse Beest te pakken ha. Hy gong hinne en die hynstemige yn in fleske. Hinse sei neat. Hy gong der efkes út en kaam werom mei in pakje: 'Dizze medisinen—hjouwer en beanen moat de pasjint ha'.
Der wienen ris trije jongfeinten, dy woenen Hinse ek te fiter ha. Se dienen alle trije in bytsje fan har wetter yn in...
nl.verhalenbank.13001
Sy leinen by ús ûnder 'e drompel duveldrek. Dan koe Rikele Myt der net oer komme.
Wy hienen ek duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat wie ek om net bitsjoend to reitsjen.
Duvelsdrek woarde ek wol as genêsmiddel brûkt.
nl.verhalenbank.29398
Hinse Beest
Yn myn jonge jierren wienen de minsken hjir yn 'e Harkema hiel lichtgelovich. Hjir om ús hinne wienen ferskeidene, ferskeidene betsjoend. Jûnes hienen se slotgatten en alles stoppe, oars koenen de tsjoensters dêr troch fleane . Hjir wenne in âld man, dy neamden se fan Hindrik Pyt, mar hy skreau him fan Ophús. Dy gong foar in tsjoenster. It...
nl.verhalenbank.13005