Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Myn skoanheit wie ris in kear to Drachten op 'e merk.
Doe wie Ymke de Jong dêr ek.
"Ymke stie njonken my", sa fortelde skoanheit. Der wie in koardedounser op 'e merk en dêr stienen wy nei to sjen.
Doe sei Ymke tsjin my: "Sil ik him dêr ris ôfdonderje litte?" En doe hat er dat dien. De koardedounser kaem op 'e groun del.
Doe gong dy koardedounser nei Ymke...
nl.verhalenbank.36932
Imke wie ek ris to Grins. Dêr stie in wyfke mei in koer mei aeijen op 'e merk.
Hwat kostje dy aeijen, frou? frege Imke har.
In botsen it stik, sei se.
Dan mat ik der mar ien fan ha, sei Imke.
Doe sloech er it aei stikken en it siet fol gouden Willemkes. De frou seach der mei greate forbazing nei.
Doe sei er tsjin 't minske: Frou, hwat mat ik foar àl dy...
nl.verhalenbank.17020
Myn man wie us op 'e merk yn Uthuzen (Gr.). Doe wie dêr ien dy koe tsjoene. Hy sei tsjin in âlde arbeider, Dirk Bos fan Garsthuzen: "Hjir ha jo in ryksdaelder fan my." Dirk die de ryksdaelder yn 'e bûse en gong mei myn man wer op hûs ta. Mar doe't er ûnderweis us even nei de ryksdaelder sjen soe, siet er net mear yn 'e bûs.
nl.verhalenbank.18108
Op 'e joademerk (it Saeilân) to Ljouwert stie froeger in koopman, dy forkocht fytsbannen. Mar deselden dy't guon kochten, rekken se altyd wer kwyt. Wienen se ûnderweis nei hûs ta dan hienen se ynienen de bannen net mear. Se kommen altyd wer by de koopman tolânne
nl.verhalenbank.19940
't Wie Feanster merke. Imke de Jong wie der ek.
Albert en âlde Metske reizgen der hinne. Alde Metske hie in heechsidene pet op.
Imke sei: "Hwat hat dy keardel in kaerten yn syn pet." Doe't er de pet ôfdie, kom der wol in kroadefol kaerten út.
nl.verhalenbank.12552
Us mem en dy gongen de nachts fan mendei op tiisdei altyd fan Readskuorre mei de Feanster boat nei Grins ta. Tiisdeis dan wie 't merk yn Grins, sy gongen dêr hinne foar de handel. Pake gong ek mei.
Op in nacht gongen se dêr ek wer hinne. Doe kommen se in lyts boerespultsje foarby, oan diz kant Readskuorre. Dêr lei in skerne. Tichteby lei in dikke koepânse...
nl.verhalenbank.23908
Der wie in jonge, dy tsjinne as lytsfeint by de boer. 't Wie dy deis merke yn 't doarp en dêr woe dy jonge de middeis graech hinne.
Mar de boer sei: dat kin net, dû mast hjoed dong út elkoar struije. Fansels, sei er, ast dat dien haste, meist wol nei de merke ta. Mar it wie sa'n put wurk, dat in gewoan minske hie der op syn minst twa dagen wurk oan.
Mar...
nl.verhalenbank.24875
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy reizge by de merken lâns en hat yn Ljouwert wenne. Hy wie troud mei in sekere Janke. Hy koe de minsken samar stean litte en liet se molke slobberje út in pantsje, krekt as wienen it katten. Hy koe de minsken kraeije litte as in hoanne. Alles hwat er sei, dat dienen se.
Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte.
Yn...
nl.verhalenbank.38534
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. De minsken mochten him net lije. 't Gebeurde op Hamster merke dat Imke de Jong dêr wie en dat Tseard van Dekken him de gek oanstuts. Doe sei Imke tsjin Tseard: "Nou sil ik dy sa lang stean litte as ik dat wol." En dêr stie Tseard, wol 20 minuten. Hy koe net fan 't plak komme, oant Imke him forloste.
nl.verhalenbank.32227
Der wie ek ris ien op 'e merke, dy krûpte troch in balke hinne. Mar doe wie der in man ûnder 't publyk, dy sei: "Dû krûpst der net troch. Ik sjoch dy wol. Dû sist der boppe op. Dêr biste, bliksem." En doe joech er dy man in slach mei de stok.
nl.verhalenbank.27010
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Hy wie in kear op Eastemarre merke. Dêr wie Imke de Jong ek. Tseard stuts Imke de gek oan. Mar doe hied er de forkearde foar. Imke liet him stean, heite en hy sei: "Nou kinst dyn gong mar gean." Mar Tseard dy koe net in poat forsette. Sa hat er dêr in hiel set stien. Op 't lêst hat Imke him wer forlost.
nl.verhalenbank.19471
Imke de Jong hat wol by ús yn skoalle west, yn de Ham. Wy wienen deabinaud foar him. Wy moesten allegear in sint meinimme, mar ik mocht net in sint ha, dat mocht ús net barre. Der wienen nòch trije bern, dy't net in sint hienen. Doe woarden wy mei ús fjouweren der útstjûrd. Mar doe gongen wy bûten foar 't glês stean. Imke hie de knop fan in stoel op 'e...
nl.verhalenbank.16947
Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder.
Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en...
nl.verhalenbank.32161
Mien voader was stenescherper bé’j ’n mölder. En grutvoader ok. En die, zèi voader, het duk zat wa verteld. De mölder had ’n jong, die Manus hiette. Net as zien voader. Dus ze hadden ’t over de grote en de kleine Manus. Of ok wel over den ouwe en de jonge Manus. Op ’n keer rolde de jonge Manus met mien grutvoader de zeile van de meuleroeje uut. Want ze...
nl.verhalenbank.50464