Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet.
Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29392
Yn Smel-ie wenne Ate Jager, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, seinen se. Dan bigongen dy soldaetsjes to marsjearen. Ate hie in soan, dy wie ien meter fiif great. Dat wie lytse Anne Jager Wolbikend.
nl.verhalenbank.24005
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort.
Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Der wie in faem, dy siet ûnder in koe to melken.
Imke kom dêr lâns.
De faem sei: "Joun."
Doe sei de koe: "Jow dy earme man even hwat molke."
De faem liet fan kleare skrik de amer mei molke oer de wereld rûgelje. Hja miende dat de koe bigong wie to praten.
Mar 't wie Imke, dy't bûksprekke koe.
nl.verhalenbank.25587
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke.
Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Heit en dy sieten us yn 't loazjemint to kaertspyljen. Ien fan har stjûrde skoppenboer fuort om in flesfol drank. Skoppenboer kom even letter mei de jenever werom. De flesse sweefde troch 't loazjemint. De man, dy't him fuortstjûrd hie sei: "Hy mat pakt wurde, oars springt er út elkoar!"
nl.verhalenbank.19743
Yn Feanhuzen yn 'e gefangenis siet in keardel, dy koe mear as gewoan. Hja hienen 't op in kear oer wyn.
Hy sei: "Wolle jim graech wyn ha?" Doe gong er by de tafel sitten. Doe stroomde de wyn samar oer de tafel hinne. Ik wie der ek by en ha 't sels sjoen.
Mar wy ha der net in drip fan hawn.
nl.verhalenbank.25573
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Der wie in widner, dy hie trije bern. Hy krige forkearing mei in widdou. Hy frege har of se mei him trouwe woe, mar hja seach hwat biswier yn 'e trije bern.
"Ja," sei er, "dêr kin ik net fan ôfsjen. Ast míj ha wolst, mast de trije bern ek nimme."
Hja sei doe: "Ei nou, dat kin ek net oars, fuort dan mar."
Doe kom er wer in kear by har, doe joech se him...
nl.verhalenbank.19625
Us heit hat us nei Grinslân west to takkebinen yn 'e buert fan Tolbert. Dêr wie allegear bosk. Hy slepte nachts by de boer yn 't strie op 'e koustâl. Mar dat strie, dat waerd stadichoan ûnder him weiskuord. Op it lêst hied er net in strieke mear ûnder him. Doe tocht er, dat sil de houn wol dwaen, mar dat wie sa net. Hy seach us goed om him hinne en doe...
nl.verhalenbank.19676
Der wie in feint, dat wie in spotter en in rarenien. Hy siet op in joun yn selskip mei oaren. Syn suster wie der ek by.
"Wy sitte hjir op in droochje", sei er. Wy matte mar in flesfol ha. Ik lit even ien bringe." Doe die er in briefke oan in lege flesse en sette dy om 't hoekje fan 'e doar. Even letter gong de doar iepen en dêr kaem de folle flesse...
nl.verhalenbank.19845
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?"
Ik sei: "Ik ha gjin sinten."
"Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep.
Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen."
Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059