Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Buitenpost
Ik wie in kear yn Harkema op 'e wei, dat nou de betonwei is. 't Wie doe noch in sânpaed. Doe seach ik Japik Stoarm, dy't al in skoft wei wie, troch 't hôf gean. Hy harke hwat by de syddoar. Ik naeide hurd út.
nl.verhalenbank.19965
Us heit en dy wienen oan 't wurk by in boer yn Eastemar. Sy slepten dêr ek. De boer sei, as se hwat seagen yn 'e nacht, dan moesten se net bang wurde. Heit woe fan 'e boer wite hoe let dat wie en hwer't it gebeurde. De boer fortelde it him. Doe tocht heit: "Ik wòl 't sjen." En hy frege de Heare of dy it him sjen litte woe. Dy nachts stie heit foar 't...
nl.verhalenbank.18121
Der wienen ris twa man, dy woenen in trêdden-ien bang meitsje. 't Wie op in joun. Se gongen boven op elkoar stean, tsjin in muorre oan. Mar by einbislút woarden se allegear bang. Deselde dy't der lâns moest, sei: "Ik ha wolris twa op elkoar sjoen, mar noch noait trije", en dy naeide út. Mar doe naeiden de oaren ek út. God hie der noch ien boppe op set.
nl.verhalenbank.38457
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Yn Westergeast kuijere myn skoansuster us mei in kammeraetske oer de bou. Doe kom der ien oan. 't Wie in persoan mei in swart snorke en hy like wol hwat op myn broer dy't overleden wie, sa't se seinen. Hy wie al flak by de beide froulju, en soe om in hekke hinne en doe wie der neat mear to sjen. Hy wie ynienen ûnsichtber.
nl.verhalenbank.20064
Japik Visser hat oan 'e Skieppedrifte wenne. Dêr ha wy ek wenne. Dêr by Japik hienen se altyd lêst fan spûkerij en fan tsjoenderij. Ien dy't bang wie dat er bitsjoend wurde soe, moest in bak mei brandewyn op 'e foarholle bibine, sei Japik. Letter moest men dy bak dan oer 't paed goaije. Japik die noait in rot dea. Hy hie in kleed yn 'e keamer spand....
nl.verhalenbank.20446
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
7