Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: man Narrator Gender: male Place of Narration: Noardburgum
Sterke Fije fan Burgum loek de laden boereweinen krekt sa maklik as in hynder.
nl.verhalenbank.16775
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
Hjir hat froeger in âld man wenne, dy hong nachts faek oer de ûnderdoar hinne, dan moest er hwat sjen. Heit hat him sa in pear kearen sjoen, as er yn 'e nacht fan 't terskjen werom kom.
nl.verhalenbank.16777
Der wie us in âld man yn Feanwâldsterwâl, dy sutele mei petroalje. Mar 't wie in tsjoenster. Hy ried by Tsjitse en Ké mei petroaljekarre en al troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.16809
Us heit wie ek in fûgelfanger. (dêrfandinne syn bynamme putter) Op in kear gong er nei Ljouwert ta en doe moest er mei de hounekarre oer in brêge. Mar hy koe de houn mei gjin mooglikheit foarút krije. Dat heit bigong to skouwen, mar it joech him hast neat, 't wie krekt as woarde der fan achteren oan 'e karre lutsen. Heit hime der oer doe't er der op it...
nl.verhalenbank.17609
Hjir tichteby wenne in húshâlding fan fjouwer minsken, dy soenen mei maeije nei de strjitwei forhúzje. Doe kom Jehannes op in kear by har en sei: "Jimme geane dêr net mei jim fjouweren hinne, mar mei jim trijen." Sa is 't ek gebeurd. De man stoar noch yn 't âlde hûs. Jehannes hie dat fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.17617
Yn 'e Houtigehage hat in tsjoenster in man deatsjoend, dy hie trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.17628
't Wie op in joune mei min en tsjuster waer. De boer siet by 't fjûr, doe kom der noch ien oan 'e doar. De boer gong der hinne en doe stie dêr in frommes. Dat frege of se dêr dy nachts bliuwe koe. Dêr hie de boer gjin biswier tsjin. Sy kom ek by 't fjûr to sitten. In skoft letter woardde der wer kloppe. Doe wie dat in man op in hynder. Dy frege ek al of...
nl.verhalenbank.17615
Der binne froulju, dy ha in pleachbeest binnen yn har lichum. Achter Ljouwert wenne in faem, dy't tige werke koe, by in boer. Doe't de frijer by har kom, siet se twa ûren lang dea op 'e stoel. It pleachbeest wie salang út har wei. Dat gong ta 't finsterke út. Dy feint hat it sels sjoen. Hy hat de boer der by roppen. Mar net sa gau wie it pleachbeest wer...
nl.verhalenbank.16783
Op 'e Wâl roan us in grouwe kat. In feint skopte nei dy kat en rekke him ek. In hûs of hwat fierder wenne in âld-minske. Dy koe har yn fan alles foroarje en oeral trochkomme. Dat âld-minske wie de oare deis gewond.
nl.verhalenbank.16810
Der stienen us in keppeltsje mannen by in apelbeam. 't Wie mei in pretsje. Doe kom der in man oan dy't se allegearre wol koenen. "Dy man kin wol hwat", seinen se. Se mienden dat er mear koe as in oar. Mar doe kom der nòch ien by stean. Dy sei: "Ik sil 't jim net wite, mar ik sil 't de apelbeam wite, hwant ik mat it dwaen." Doe gong in dei of hwat letter...
nl.verhalenbank.16811
Der wie in man, dy gong jouns faek nei lju ta to praten. Hy hie altyd in stok yn 'e hân. Meastal gong er let wer nei hûs ta. Doe fregen se him us in kear: "Binne jo net bang, altyd sa let op in paed en dan allinne?" Mar hy drige mei de fûst. "Dy't my tonei komt, dy sil 'k sa en sa", swetste er. En it iene flokwurd folge it oare. Mar doe't er in stik lân...
nl.verhalenbank.16779
35