Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir dwarsoer hat in hutte stien, dat wie net mear as in foech keet. Dêr wenne in âld minske yn. Dat âld-minske kom to forstjerren. Dêr koe net in wein op 't hiem komme, hwant der roan allinne mar in smel fuotpaedtsje nei de dwarsreed ta. Doe moest de kiste fan 'e hoeke nei dy keet ta droegen wurde.
Us buorman passearde de jouns fan tofoaren, doe wie 't...
nl.verhalenbank.34517
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie.
Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
In man fan 'e Koaten moest nei 't Fean ta. Hy wie oproppen om by notaris to forskinen.
Doe't er op 'e Hamster Paden wie, en krekt oer in houtsje roan, woarde der roppen: "Bist dêr?"
"Ja", antwurde hy. Hy roan oer 't hout, hy seach ûnder 't hout en rounom om him hinne, mar der wie nergens hwat to sjen. En doch hie die stim flak by him west. Hy wie skruten...
nl.verhalenbank.15532
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert.
Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen.
Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân.
Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren...
nl.verhalenbank.23447
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se.
't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
By Durk Mozes die er krekt allyk. Mar dêr wie it in geit. Hy striek de geit oer de hûd.
"Hwat in moaije geit", sei er.
Doe sei Durk: "Moarn is er dea." En hy wie dea.
nl.verhalenbank.21244
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net.
De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk.
Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt.
"Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!"
en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten.
Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea.
Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
As de manlju fan 'e Harkema froeger nei Stêdskanael ta gongen to baggeljen wienen der altyd guon by, dy krigen de fretkoarts. Dan rekken se noait sêd. Se ieten mar troch. It iene potfol beantsjes nei 't oare. Se kòenen net sêd. It duorre meastal in dei of trije.
nl.verhalenbank.32990
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer.
Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle.
't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op."
De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe.
Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech.
Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
Der wie in man dy kom by de boer om to freegjen hwer't Sterke Hearke wie. "Hwer kin 'k him fine?" frege er.
De boer sei: "Hy is hjir net by de plaets, mar hy is dêr op 't lân oan 't ploeijen."
Doe kom dy man by Hearke.
"Binne jo sterke Hearke?" frege er.
Doe die Hearke it hynder foar de ploech wei en stuts de poech rjocht foar him út, mei ien hân.
"Ja...
nl.verhalenbank.28922
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.
nl.verhalenbank.32985
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding.
Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik.
Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him.
De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
74 jier lyn wennen ús heit en dy yn 'e Kromme elle. Kromelle sizze se nou. 't Wie in kroechje flak by it Bomkleaster. 't Gong dêr altyd och sa raer. Snije en slaen, dat wie oan 'e oarder fan 'e dei. Mar 't fortsjinne der bêst.
As it snein wie gong heit moarns nei tsjerke en middeis stie er achter 'e tap. Dat like fansels nergens op.
It wie Jan-om, heit...
nl.verhalenbank.32991
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355