Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe.
'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen.
Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort.
"Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei.
Ik krige noait hwat.
Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen.
Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen."
Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie.
Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
By pake en beppe to Jistrum hat us in man west, dy moest stelle. 't Wie in sekere Japik Ingberts.
Sy wosken by pake en dy in koperen earnamer.
Japik Ingberts kaem by harren. 't Wie in aerdige keardel. 't Wie al hast tsjuster en 't ljocht hie op matten. De blinen moesten fan bûten ticht.
"Ik sil jimme blinen wol even ticht dwaen", sei Japik Ingberts. Mar...
nl.verhalenbank.23425
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat.
Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan.
It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort.
(in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Us heit sei us in kear tsjin ús mem: "Hwat is 't der hjir fannacht oan wei gong. Hwat ha se by ús yn 'e hûs oan 't timmerjen west."
It duorrre mar in skoftsje, doe woarde 't hûs forboud. Dat wie yn 'e Houtigehage, flak tsjin it hûs oer, dêr't nou myn suster wennet (yn Boelensloane; de wei is de grins tusken de beide doarpen)
nl.verhalenbank.20088
Ik en myn man ha twa jier yn in wein wenne. Doe sei er us op in moarn: "'t Is hjoed Drachtster merke, dêr wol 'k hinne."
't Wie sutrich waer. Ik sei: "Hwat silst dêr hinne dwaen." Mar hy sette syn sin troch. De jouns stie 'k út to sjen. Op 't lêst, dêr kom er oan. Heal bisopen.
Wy sieten even. Doe sei er: "Ik ha yn 'e waarseggerije west. Ik en Durkje...
nl.verhalenbank.20114
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte.
Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!"
Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Myn man syn heit kaem to forstjerren. 'k Wie op 'e bigraffenis. Doe't wy fan 't hôf werom wienen, hearden wy in hiele plof. Krekt as wie der in rút ynsmiten of in buordtsje út 'e diggelkast del kaem.
Mar doe't wy seagen, wie it de spegel, dy't oer de kachel hinne fallen wie. Hy lei yn alle diggels op 'e groun.
Ik sei: "Nou komt der in sippe deaden yn seis...
nl.verhalenbank.21987
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster.
Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Doe't myn suster sauntjin jier wie kaem se to forstjerren. Sy lei o sa moai yn 'e kiste. Hja hie in glimk om 'e mûle. 't Wie och sa'n beeld fan in faem.
Der kaem in lapkekoopman út Dokkum by ús. Dy kaem altyd geregeld. Hy frege heit of er myn suster wol sjen mocht.
Heit naem him mei nei har ta en hy hat in prachtich gebet foar har útsprutsen. Hy hie der...
nl.verhalenbank.21984
Us heit tsjinne by de boer. Der wie yn dat plak in feart mei in brêge der oer. Op in kear doe stie der in protte folk by dy brêge. Heit wie der ek by. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tijd is der al, maar de man is der niet." Dat woarde in pear kearen achter elkoar sein. Mar der wie neat to sjen.
Doe kom der in seas oan riden mei in hynder der...
nl.verhalenbank.20091
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Us mem har heit seach us in kear yn 'e swarte spegel. Dat wie mei Ljouwerter merke. Doe seach er dêr yn in wyfke, mei 't iene eech heal ticht.
Pake sei: "Dy wol 'k noait fan myn leven ha."
Mar de man fan 'e tinte sei: "Unthâld it mar. Dit wurdt jou frou."
Pake krige gedoente mei har. En hy hat har krigen. 't Hie him noait hindere, sei er, doe't er har...
nl.verhalenbank.22133
Doe't ús heit noch net troud wie kom er op in nacht by de faem wei. Hy wie it tsjerkhôf krekt foarby, doe stie der by de hameije fan in stik lân in dier. Heit koe net sjen hwat it wie, it like hast sa great as in hokling. Heit gong der hinne om 't better sjen to kinnen. Doe sprong dat beest op him en hy hat it meislepe matten oan 'e plaets ta dêr't er by...
nl.verhalenbank.20095
Tusken Skûlenburch en Jistrum matte trije hûskes stien ha, yn 't iene dêrfan matte pake en dy wenne ha: heit syn âlden. Dêrnjonken wenne in man, dy moest alles sjen. Jouns kom er wol us by pake en beppe. Op in kear hie hy der wer op út west, sa fortelde er. Alhiel oer Eastemar, Sumar en sa nei Swartkrús.
"Ik bin der noch raer fan fan hwat ik dêr sjoen...
nl.verhalenbank.23416
Op 'e hoeke fan 't Wyldpaed is in sekere Piter Veenstra formoarde woarn. Hy is deastutsen. De bloedplakken ha se noait útwiskje kind.
nl.verhalenbank.22126
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776