Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn man wenne froeger by Nikus Veenstra, dy wie boer op Luchtenfeld. Dy boer hie in ûngeboaren berneearmke. Dêr koed er alles mei.
nl.verhalenbank.33050
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: In minske mat om 12 ûre yn 'e nacht noait midden op 'e wei gean hwant dan kin er tsjin in lykstaesje oprinne.
Hy wist altyd krekt fan tofoaren hwannear't der wer in bigraffenis wêze soe. 't Kom altyd út. Hy krige der altyd tynge fan, sa't it liket.
nl.verhalenbank.33054
Hjir yn 'e Rottefalle hat in man west, dat wie o sa'n raren-ien. Hy sei op in kear: "As der dan in duvel is, woe ik him wolris tsjinkomme." En doe gong er de Skeanpaden lâns. Doe kom de duvel him tsjin. Doe is 't him raer forgong.
nl.verhalenbank.33055
Op 'e Rydloane to Rottefalle wenne in man, dat wie Hindrik (en Janke), dat wie ek in frijmitseler. Mar dy wie de duvel to tûk. Dy soe fan 'e duvel in learsfol jild ha. Hy gong hinne en sette in lears op 'e nael fan 't hûs. Mar earst hie hy de soale der ûnder wei snien. En doe bigoun de duvel mei jild to smiten. De lears rekke net fol en Hindrik krige in...
nl.verhalenbank.33057
Op 'e Sanden yn Grinzer Pein wenne in man dy wie tige rûch yn 'e mûle: Durk Wonderman hiet er. Dy sei, hy wie foar gjin duvel bang.
Op in kear, doe hied er to jounpraten west. Doe't er op 'e weromreis wie nei hûs ta fornom er dat der hwat achter him oan kom. Dat siet him op 'e hielen. 't Wie him tsjin 'e hakken oan.
Hy woarde deabinaud. Doe't er omseach...
nl.verhalenbank.27487
Us heit - dat wie Hindrik de Graaf - en Bearn Kûper wienen der op in nacht mei de bijen op út. Doe gebeurde it dat se ûnder Eastemar hwat bileefden. It mat leau 'k op 'e Swarte Wei west ha. De hynders woarden ynienen bang. Se bigongen to steigerjen en gongen oan 'e kant, krekt as woarden se dêrhinne drukt.
Doe ried har in wite sjeas foarby mei in wyt...
nl.verhalenbank.33049