Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is.
As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Yn Faen hat in boer wenne, dat wie in freeslik rare keardel. Dy hiet fan Metske. Jouns kommen de doarren by him op slot, mar moarns stienen se wer iepen.
nl.verhalenbank.23469
Der wie in boerefaem, dy tsjinne by in boer. Dy faem seach nou en dan de geast fan in man by har kommen. Hja sei it tsjin 'e boer en de boer sei: "Ik sil dûmny ophelje. Hwant hoe't wij dêr mei oan matte, wit ik net."
Doe kom de dûmny en dy bigong to bidden.
Doe sei de geast, de eardere faem, dy't dêr wenne hie, hie him hwat biloofd, mar dat hie se net...
nl.verhalenbank.19508
Syn broer kom dêr op in moarntiid lâns yn 'e winter. 't Wie op 'e ein fan 'e Julianabuert. Doe kom datselde pleachbeest der wer oan. Doe hat it in hiel ein mei syn broer oproan.
nl.verhalenbank.23468
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
nl.verhalenbank.37999
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht.
Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik.
Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha."
De oare...
nl.verhalenbank.23132
Rixt, de dochter fan Sterke Hearke wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in feint, mar dat rekke út. Dy feint bidroech har. Letter trof se him ris wer yn in herberch, doe wie der dounsjen. Doe dounsen se togearre. Doe sei Rixt tsjin him: "'k Bin sa mâl mei dy." En doe knypte se him tagelyk de earm stikken.
nl.verhalenbank.38010
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk.
Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
Luutsens Janke har heit was in Jongsma. Toen dat nog een jonge man was, werkte hij op 't Feen (= Surhuisterveen) bij in boer. Der wou in koe kalven en de boer wou graach dat hij 's oavends terug kwam.
Hij ging der 's oavends weer heen. Doar komt hij bij in dam en hij kan niet in stap meer forsetten. Hij het doar in fol uur stoan moetn. Op 't loatst het-ie...
nl.verhalenbank.26010
Yn 'e Körnhörn woonde Jan Oldenburger. Die had doar in caféeke. Olle Douwe ruskesnider sat doar 's oavends faek te floeken en te swearen. Dan had hij 't hoogste woord.
"Ik bin niet bang as komt de duvel ook by my!" riep hij. En dan sette hy 't mes in 'e tafel.
Doe ging hy op in kear noar huus uut 'e kroech fandoan. Doe sag hy doar wat lign onderweg.
"Wat...
nl.verhalenbank.26011
Ik haw wol ris heard, dat hjir in man wenne hat, dy't soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte koe.
nl.verhalenbank.26013
Myn man syn pake wie in hiele rûge keardel en hy wie bot oan 'e drank. Hy wenne yn Lúxwâlde.
Op in joun doe kom er út 'e kroech. Doe hied er hiel bot flokt. Underweis woarde er tije kearen oer de sleat smiten: twa kearen hinne en in kear werom.
nl.verhalenbank.23143
Yn 'e Hantumer Utbuorren wenne foarhinne in sekere Jensma. Dat wie in hiele raren-ien. Hy flokte alles by elkoar.
Op in kear lei er dea op 'e telle, mei de holle achterstofoar op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
Syn mem hie faek tsjin him sein: "Tink der om jonge, de duvel komt aenst by dy." Mar dêr hied er de spot mei dreaun.
De plaets stie...
nl.verhalenbank.23142
In Niebert in café Vermeulen woaren us op in oavend zes man. Die hielden doar in fergoadering. Sy spilen dêr mei kaerten. Deselde dy't woun, moest in flesse drank komme litte. Doe't it spultsje út wie gongen se mei har seizen nei in aparte keamer ta. Dêr woarde in kaert fuortstjûrd.
Dy't it woun hie moest de flesse drank oankrije. Mar doe't dy flesse kom,...
nl.verhalenbank.26012
Der wie in boer, dy wie oan 't heamennen mei in hynder foar de wein. Sy moesten by de Foarwurker brêge op. Dêr liet it hynder it foerke hea foar stean, hy koe 't net lûke.
Doe sei dy boer tsjin syn jonge: "Gean dû even nei Hearke ta (Sterke Hearke) en freegje of dy even mei skouwe wol.
Dy jonge helle Hearke op.
"Kin 't hynder it net dwaen?" frege Hearke....
nl.verhalenbank.25899
Ek in kear doe siet de kroech fol jongfolk. Dat folkje woarde balstjûrich. De kroechbaes koe net mei har rêdde. Sy woarden sa oerhearrich dat hy helle de plysje der by. Mar dy koe ek neat mei 't folkje wurde. Doe rôp er Einte der by. Einte kom. Hy klaeide him spierneaken út en pakte de iene nei de oare en jage se der allegear út.
Einte-om wenne yn de Pein.
nl.verhalenbank.27308