Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: man Narrator Gender: female Place of Narration: Drachtstercompagnie
Pake leaude sterk oan tsjoensters en spûkerij. Sy hienen buorlju en dy frou gong foar in tsjoenster troch. Pake hie it net op dat âld minske stean. Hja kaem wol by pake en dy. Jouns op bêd dan wie der wolris gerattel by de muorre lâns. "Hark," sei pake dan, "dêr komt se wer oan." Op in nacht kaem se yn 'e hûs yn 'e gedaente fan in swarte kat. Doe pakte...
nl.verhalenbank.22177
Pake fortelde, 't wie faek gebeurd, dat se yn 'e nacht terskjen hearden op it lân. Dan woarde der in dei of hwat letter ek werklik tursken.
nl.verhalenbank.22175
Us mem har heit kaem us op in joun fan Jistrum. 't Wie tsjuster. Pake moest in hiel ein oer de heide rinne en ek oer plankjes, Doe wie der in dier njonken him lâns gong. Dat wie hyltyd njonken him bleaun, hy koe 't net kwyt wurde. Pake woarde bang op 't lêst. Doe't er omtrint yn 'e Kompenije wie, hie 't ynienen fuort west. Hat dat nou in pleachbeest west?
nl.verhalenbank.22724
Pake dy kom us op in joun fan Drachten. Hy soe wer nei de Kompenije ta. Doe seach er op 'e Schwartzenberchloane in wyt ding foar him útsweven. It wie in hiele kamp lân fóár him. Doe gong it oer de wyk en fuort wie 't.
nl.verhalenbank.22181
It wie op in joun letter en der hong in mist fan sa'n heale meter hichte oer de groun. Doe seach dyselde Anders de Haan fan Garyp in bigraffenis. Se roannen boven op 'e mist. In pear dagen letter wie der op itselde plak in bigraffenis.
nl.verhalenbank.22180
Anders de Haan fan Garyp roan us fan Garyp nei Warten. 't Wie yn 'e nacht. Underweis kaem der him in gedaente op side, mei in biezem achter him oan. 't Wie in hiele rûge biezem en 't hie in minskegedaente. Dy wie 't hiele ein by him lâns roun en hie noait ien stom wurd sein. Anders sei, it hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22179
35