Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei.
Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om...
nl.verhalenbank.23453
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Der wie in frou stoarn, dy hie in ring om 'e finger, dêr siet in tige kostbre stien yn. Dêr kom se mei yn 't graef. 't Wie in soarte fan grafkelder. Der kom in platte stien oer it graef hinne.
Der wie in man, dy hie 't op dy ring bigrepen. Hy wie noch jong en noch net troud.
Hy brekt it graef iepen mei greate muoite, mar hy kin noait dy ring fan 'e finger...
nl.verhalenbank.23451
Achter ús folk wennen oan 'e Houtigehaechster wyk Japik en Jitske. Jitske wie noait goed. De buorfrou kom by har.
Dy sei: "Ik ha in eachje yn 't seil hâlden. Jouns komt hjir altyd in grouwe siferse kat."
"Noustû 't seiste, ja," sei Japik, "dy komt alle jounen by ús yn 't finsterbank to spinnen."
Buorfrou sei: "Dy docht it dat sy hjir op bêd leit. Dàt is...
nl.verhalenbank.25620
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern.
Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen.
It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs.
Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen.
Dat hat de duvel west mei syn maten.
Jelle is een zoon van haar zuster, een...
nl.verhalenbank.25480
Trije man hienen to Drachten yn 'e kroech sitten to swetsen en to sûpen. Doe't se op 'e Folgersterloane kamen, waerd ien fan harren smiten, krekt op it plak, dêr't de Folgerster peallen bigounen. Klaes hiet dyselde.
nl.verhalenbank.11531
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster.
Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene.
Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel.
Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet.
Heit moest der op út to slachtsjen.
Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme."
Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien.
Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen.
Doe sei heit: "Dêr is hwat."...
nl.verhalenbank.20859
Myn broer Hindrik, dy't to Drachten wennet, is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25466
Foar in tachtich jier stie der in âld man to Drachten by de draei. It wie in sekere Doeke. Hy sei tsjin 'e minsken: "Jimme moatte jim foar dit plak hoedzje, hwant hjir komt ien to fordrinken." In pear jier letter gebeurde it.
nl.verhalenbank.11539
Yn 'e Westerein wenne yn 'e njoggentiger jierren in man, dy syn wiif gong der yn 'e nacht op út to tsjoenen. De man hie 't wol us fan oaren heard, mar hy woe 't net leauwe.
Op in nacht woardde er wekker, doe wie 't wiif fuort, mar der lei in grouwe pânse njonken him. Doe smiet er dy pânse oer de flier, mar dy lei fuort wer njonken him op bêd, hyltyd wer...
nl.verhalenbank.16849
De Blaudobbe is yn 'e Houtigehage. Alde Taeke hearde dêr alle jounen geraes yn dy dobbe. "Dêr mat noch us hwat yn gebeure", sei Taeke. Mar ik wyt net as der al us hwat gebeurd is.
nl.verhalenbank.24679
Ien út 'e Houtigehage soe nei de faem ta. Dy wenne yn Surhústerfean. Doe't er oan 'e hulzenhage ta wie - tichte by 't Blauhûs - seach er dat der in kat njonken him roan. Dy bleau hyltyd njonken him. Hy hie in stok by him en dêr sloech er mei. Mar hy sloech dwars troch dy kat hinne. Doe hied er sa fan 'e wize west, dat hy wie it hûs fan 'e faem al lang...
nl.verhalenbank.24678
Meine Wykstra wie in âld turfskipper, potskipper en dongskipper. Hy placht wol faek by ús to kommen en hat wol hea foar ús helle. Op in kear fortelde er, hy wie ris in kear op it wetter. Doe rôp der in stem: "De tiid hat der west, de man is der net!"
Se farden in eintsje fierder, doe wie de feint bûtenboard rekke en hy wie der net wer útkomd. Dit gebeurde...
nl.verhalenbank.36903
Der wie in man, dy wie troud. Syn frou rekke oan 't sukkeljen. Doe sei se us op in kear: "As ik hjir wei reitsje, dan hoopje 'k datst net wer trouste. Dat mast my bilove."
Hy sei: "Ast it graech wolste, dan biloof ik dy dat."
Hja rekke der ôf en de man seach net nei froulju om. Mar dat foroare letter. Doe kom er yn 'e bisoeking. En hy troude wer.
De jouns...
nl.verhalenbank.23513
Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten.
Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau...
nl.verhalenbank.23514
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar.
Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
nl.verhalenbank.24681