Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Twa jonge lju soenen trouwe. Hja makken de moarns earst in ritsje yn 'e wein.
Underweis sei de jonge man: "Ik mat der even út. Hast ek in read-baeijen rôk?"
"Ja, hwat matst dêr mei?"
"Even brûke."
Hy krige de rôk, mar hja folge him stikum. Hy forskuorde de rôk en tjirge him as in wyld beest. It skûm stie him om 'e mûle. It wienen allegearre flarden read...
nl.verhalenbank.20171
Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis.
Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e...
nl.verhalenbank.19656
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster.
Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen.
Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
Us heit en dy wienen oan 't wurk by in boer yn Eastemar. Sy slepten dêr ek. De boer sei, as se hwat seagen yn 'e nacht, dan moesten se net bang wurde.
Heit woe fan 'e boer wite hoe let dat wie en hwer't it gebeurde. De boer fortelde it him.
Doe tocht heit: "Ik wòl 't sjen." En hy frege de Heare of dy it him sjen litte woe.
Dy nachts stie heit foar 't...
nl.verhalenbank.18121
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen.
Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown.
De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
Woe men wite, hwa't jin man wurde soe, dan moest men trije freden oanien in roggekerl yn 'e bûse ha. Dy't jin dan it earst tsjinkom, dat soe jins man wurde.
nl.verhalenbank.19995
Piter Kempenaar syn wiif Hindrikje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Twizelerheide. Dy hat my in jier ûnder har wjokken hawn.
Japik, myn man, hie in húske kocht, dat stie njonken harres. Hy wie der oan 't wurk mei de tún, doe wennen wy der noch net. Ik gong nei him ta en sei: "Hoe fier bist mei de tún, Japik?"
"Ik mat hjoed jerappels sette", sei er....
nl.verhalenbank.20443
Der wie in faem, dy tsjinne. Dy sei us in kear: "Ik wol joun in feint ha. 't Kin my neat skele hwa. As wie 't de duvel ek."
Doe't se de jouns it iten op hienen, kom der in menearke oan, dy gong moai yn 'e hoeke sitten.
Doe kom de frou by de faem en sei: "O heden, fanke, hwat hastû hjoed sein!"
Doe sei de faem de wurden dy't se sprutsen hie.
"Nou," sei de...
nl.verhalenbank.18123
De duvel hie yn 'e skrúf sitten. Dêr hied er danich syn bikomst fan, dat hy wie deabinaud foar de skrúf woarn.
Nou wie der in man, dy wist dat. Dy hie syn siele oan 'e duvel forkocht foar jild en nou soe de duvel him de oare deis om fjouwer ûre ophelje. Dat stie yn 't kontrakt dat dy man sels mei bloed ûndertekene hie.
De man dy sei tsjin syn wiif: "As de...
nl.verhalenbank.18122
Japik Visser hat oan 'e Skieppedrifte wenne. Dêr ha wy ek wenne. Dêr by Japik hienen se altyd lêst fan spûkerij en fan tsjoenderij. Ien dy't bang wie dat er bitsjoend wurde soe, moest in bak mei brandewyn op 'e foarholle bibine, sei Japik. Letter moest men dy bak dan oer 't paed goaije.
Japik die noait in rot dea. Hy hie in kleed yn 'e keamer spand....
nl.verhalenbank.20446
Us heit seach de dingen ek foarút. Fan ús Baeije hat er de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hy hat it leefolk sjoen en hy hat ek sjoen, dat se har biklaeiden.
Baeije
nl.verhalenbank.20451
Us pake is us in kear tusken Warfstermoune en Muntsjesyl samar yn 't lân optild woarn en in ein fierder yn 'e sleat delset. 't Wie heit syn heit. Hy hie nei in boereplaets west. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.22858
Heit wie us op 'e Kûkhernster lânnen. 't Wie dêr allegear modder en wetter. Heit wie dêr skjin forlegen en 't wie yn 'e nacht. Heit sei: "Och, hwat in modder en in wetter hjir. Hoe sil men hjir troch komme. Sa sit in minske yn 'e sûnde en ûngerjochtichheden."
Doe kom der in stem ta him, dy't sei: "Laat u leiden."
Heit sei: "Heare, oan Jou hân wol ik my...
nl.verhalenbank.19665
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage."
Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Oan dizz' kant Grins stie in slot. Dêr wenne in skatrike keardel yn. As dêr skoaijers en skoaisters kommen, dan krigen dy dêr hwat to drinken.
Wie't drinken op, dan sei er: "Wolle jimme myn fé us sjen?" En dan brocht er dy minsken nei de stâl. Dêr wie 't ien great gejammer fan minsken. Hwant alle skoaijers, dy't dêr kommen, dy boun er dêr op 'e stâl fêst...
nl.verhalenbank.20169
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte.
Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Us heit hie lân to hier: perseeltsjelân. Dat forhierde er oan trije man. Hja bitellen elk njoggen goune yn 't jier. Mar Wibe woe net bitelje. Doe heit nei Wibe ta. 't Wie yn Sweagerbosk.
Wibe wie oan 't hakjen. Heit sei: "Hwannear krij 'k myn hier?" Doe ûnderhelle Wibe de bats en dêrmei soed er ús heit de kop ynslaen. Ik seach it en rôp: "Oe heden, nou...
nl.verhalenbank.20008