Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: man Narrator Gender: female Place of Narration: Augustinusga
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
Der wie us in man, dy kom by in boer, dy't krekt oan 't melken wie. Hy hie och sa'n toarst. Hy frege de boer: "Soe 'k wol hwat molke ha meije?" "Né", sei de boer. Mar de man koe bûksprekke. Doe wie 't krekt as sei de koe: "Jow dy man hwat molke." De boer woarde ôfgryslike kjel en joech de man in dingfol molke.
nl.verhalenbank.22864
Yn Surhuzum sieten in stik of hwat manlju yn 'e kroech, dy boatsten it avondmael nei. Doe't se in skoftsje oan 'e gong wienen, woarde alles trochelkoar skodde en oplicht. 't Wie ynienen allegear leven. Sy woarden trochinoar smiten en de doarren gongen fansels iepen.
nl.verhalenbank.27809
Dêr't letter it hûs stie fan Piter v.d. Glas to Twizel, wie alear neat. Us heit hearde dêr op in kear in klap, krekt as smieten se in stapel planken del. Mar der gebeurde neat, der wie neat to sjen. Guon dy't by heit wienen, hearden it ek. Sy woarden der kjel fan. Letter hearden se op datselde plak dy klap wer. Mar doe woarden der echt planken delsmiten,...
nl.verhalenbank.32424
35