Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman.
Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
Der wie ris in molksutelder. Dat wie yn froeger tiden. Dy sutele molke út. Dat died er mei twa amers oan 't jûk, dat er op 'e skouders droech.
De klanten seinen: "Jo dogge wetter troch de molke." De molksutelder sei: "Ik doch sawier gjin wetter ta de molke dat, as ik it al dien hie, en ik mat hjir wei, dan, hoopje ik dat ik yn 'e moanne forskine sil mei...
nl.verhalenbank.24217
Op 'e Hale wenne in roomske keardel, dy hie in toverboek. Doe't skoanheit sa'n jonge wie hat er him us bang makke. Hy krige it toverboek en sei:
"Nou sil ik gau even skierróeken ta de hurddobbe útlêze." Skoanheit is hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.24216
Yn Driezum wennen in man en in frou, dy hienen gjin bern. De man woarde siik en de dokter moest komme. De man woarde minder en stoar.
De buorren kommen en biklaeiden him. De oare deis soed er yn 'e kiste. Mar de frou sei: "Ik wol him sa net yn 'e kiste ha. Hy hat in lyts read plakje yn 't wang. Ik wol earst dokter der by ha." Hy lei op it strie yn 't...
nl.verhalenbank.24371
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs. 't Binne yn 'e regel froulju, mar ek wolris manlju en soms ha se de gedaente fan in dier.
As men jiske struide foar de drompel of foar it bêd, dan kommen se net, hwant dêr wienen se bang foar.
Sy meije neat meinimme út in oar hûs en jiske, dat kleeft fêst.
nl.verhalenbank.24367
Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken.
Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta.
"Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even...
nl.verhalenbank.24222
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen.
As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke.
Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren...
nl.verhalenbank.24221
Der wie in jongfeint, dy sei: "Ik bin noait bang." Doe wienen der twa man, dy tochten: "Wy sille dy ris bang meitsje."
Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne en sy wisten dat hy dêr dy jouns lâns moest. Doe gongen se boven op elkoar stean mei in wyt lekken om har hinne tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan, dêr't it paed lâns gong. Doe't de jongfeint der...
nl.verhalenbank.27847
Yn Nes (W. Dongeradiel) dêr wienen in stik of hwat boeren dy fierden dêr it avondmaal yn 'e herberch. Dat is in goeije fjirtich jier lyn. 't Wie op in joun. Doe't se bûten kommen ha se ûnderweis hwat sjoen. Sy woarden sa bang, dat sy binne troch de sleatten hinne flein. Der wie in sekere Bolman by. Dat wie in greate spotter.
nl.verhalenbank.27846
Der wie in boer, dy hie in hynder, dat wie nachts ôfgryslike drok. Dan skopte it en trape dat it raer wie. En moarns, op 'e stâl, roan him it swit yn stralen by de hûd del.
De boer hie wol yn 'e gaten dat dat it wurk wie fan in nachtmerje. Der siet nachts in nachtmerje op it hynder.
Op in nacht paste de boer op. Hy hie in ammerfol wetter klear stean....
nl.verhalenbank.24368
Der wie in man, dy moest nei sterke Hearke ta.
Sterke Hearke wie krekt op 't lân oan 't ploeijen.
De man koe Hearke net en frege him: "Hwer wennet sterke Hearke?"
Hearke hekke 't hynder út, hy krige de izeren ploech beet en tilde 'm op en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24220
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
Der wienen guon, dy fregen in man: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe stuts dy man de ploege rjocht foar him út en sei: "Dêr wennet er." Hy wie 't sels.
nl.verhalenbank.23704
Ik hie in omke Knjillis, dêr bin ik nei neamd. Hy plichte in soad by ús to kommen. Hy hie syn frou forlern en m_n frou wosk faek foar him.
Op in kear kom er by ús, doe sei 'k: "Knjillis-om, 'k leau, jo binne warch."
"Ja," sei er, "ik bin èk warch."
"Omke docht doch neat mear, wol?"
"Ik haw 't noch noait sa drok hawn as fannacht", sei er.
"Hoedat sa?" sei...
nl.verhalenbank.24321
Heit fortelde, hy soe op in moarn nei de boer ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Underweis seach heit yn 'e krimpe fan in hûs in pleachbeest stean. 't Hie der brúnachtich út sjoen en 't hie bot mei de earen klapt.
nl.verhalenbank.23705
Hjir hat in greate rogmoune stien. Dy is letter ôfbarnd. Heit wie noch feint, 't wie op in nacht yn Moarmwâld. Doe't heit by de moune kaem, tocht er: "Hea, dêr stean trije man yn to terskjen. Dat binne trije duten. (Ik kon niet gewaarworden wat 'duten' zijn A.A.J.) Sy tursken alle trije moai op 'e slach. Heit sei: "Ik gong der hinne, en doe wie der niks....
nl.verhalenbank.23706