Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
49 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: man Place of Narration: Drogeham
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
In man fan Droegeham (it wie Hindrik Hoeksma sels) seach op in joun op 'e Ikkers in frommes yn 't wyt oankommen. Hy miende dat er har wol koe en soe har groetsje. Mar doe't er flakby wie, wie se samar ynienen fuort troch in daem. Der wie neat mear fan har to sjen.
nl.verhalenbank.37235
Heit hat Hearke wol kend. Hy wie nochal lui, sei heit; hy makke noait haest.
nl.verhalenbank.28883
Doe't ik as jonge noch by ús yn 'e hûs wenne, gebeurde 't wol, dat Marten-om heit syn kroade helle to brûken. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe't wy de middeis by elkoar sieten yn 'e hûs, seinen we: "Hark, dêr komt Marten-om wer mei de kroade oan." Wy hienen balstiennen achterhûs en it wie skoan to hearren dat dêr in kroade oer riden waerd. Mar der wie...
nl.verhalenbank.20373
Hearke moest ris in kear foar de boer in bolle ôfleverje; dy moest nei de boat op 'e Tille. Hearke hie de bolle oan 't tou en ús heit, doe noch in jonge, moest de bolle oandriuwe. Sy koenen achterhûs it skeanpaedtsje del en dat dienen se ek. Sy wienen krekt oer de wei op 't lân of dêr ûntkomt de bolle him. De boer sei: "Hearke, dat hast der om dien. Dû...
nl.verhalenbank.28886
Lammert Mozes hie us in kear nei Hart Broersma ta west. Doe seach er op 'e Tippe, healwei de hoeke, in dikke houn oan 'e kant fan 'e wei. Dy houn wie sa great as in dik keal. Hy wie roetswart en hie egen as fjûr yn 'e kop. Lammert sprong oerside en de houn wie him gewoan foarby gien. Lammert hie trille as in blêd oan 'e beam. Dat hat in pleachbeest west.
nl.verhalenbank.20362
Sterke Hearke wie ek stille plysje (= onbezoldigd veldwachter). Op in kear, dêr treft Hearke in tsjerkmasjine op 'e wei, dy forfearen se mei de byls. Yn dy byls wie 't fjûr net dôve. Dat wie wettelik forbean, hwant sa mocht it net op 'e iepenbiere wei lâns. Doe spriek Hearke dy man oan. Mar dy man sei: "Hwat haw ik mei dy noadich." Doe krige Hearke in...
nl.verhalenbank.28887
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne. Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze." Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren. Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
Der kom us ien by Hearke to freegjen hwer't er wenne. Doe wie Hearke op 't lân oan 't ploeijen. Doe hie Hearke de ploech by 't sturtein optild en hy hie dêr mei nei syn hûs wiisd. "Sjoch, dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.28884
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Us mem wenne yn Stiensgea achter de bosk. Op in kear soe se nei 't dânsjen ta to Readskuorre. 't Wie joun. Op 'e weromreis, doe't se to Sumeer wie, woarde se in man gewaer, dy't dêr omroan. Doe seach se, dat dy man dwars troch de muorre fan in hûs hinne roan en dat er sa wei woarde. Men kin bigripe dat se tige kjel woarde. Doe't se thúskom lei pake al op...
nl.verhalenbank.21353
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, en dy liet er dan marsjeare. Hy hat ris achter Ljouwert by in boer to meanen west. Op in joun siet pake by de boer yn 'e hûs. "Hâlde jo wol fan in grapke?" sei er. Dêr wie de boer wol foar to finen. Doe tikke pake op 'e tafel en dêr marsjearden de soldaetsjes moai oer de flier. Doe liet er wite...
nl.verhalenbank.33179
Mike Ruerd (= Ruerd van der Veen) fan 'e Harkema wie myn pake. Dy is ris in kear troch de duvel smiten woarn. Op 'e Krúswei yn 'e Harkema stiet in beam, dêr hat de tonger yn west. Dêr wie Mike Ruerd sahwat oan ta doe't er op in joun fan 't timmerwurk kom. Hy hie 't arkbakje op 't skouder. Doe kom der him in man op side. Dy stompte him ider kear tsjin 't...
nl.verhalenbank.33178
Der wie in man dy soe in pream fuortskouwe, mar hy hâldde de boom tsjin 'e binnenkant fan 'e pream oan, ynpleats fan tsjin 'e wâl. Dêrtroch bleau de pream op itselde plak lizzen.
nl.verhalenbank.29283
Op 'e Mûzegroppe ûnder Rottefalle hat in man syn dochter formoarde omdat sy to riden woe. En doe hat er himsels de hals útsnien. It bloed ha se noait wer út 'e flier wei krije kind.
nl.verhalenbank.33185
Jelle Zuidersma fan 'e Harkema kom op in saterdei werom fan it baggeljen yn Beets. Twa fan syn maten seinen: "Wy binne bliid dat it saterdei is hjoed, dan binne wy wer by 't wyfke." Doe sei Jelle: "Och heden, as ik dêrom allinne nei hûs moest, dan koe 'k hjir wol bliuwe." (Niel hiet syn wiif) "Om in flesfol drank wolle wy wedzje datst it wiif net...
nl.verhalenbank.29286
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear. Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Alde Bartele wenne yn 'e Hamster Pein. Hy hie in stik of hwat jonges yn 'e hûs. Der kom in âlde keardel by de doar mei in lang, wyt burd. "Is der ek hwat to kaertlizzen?" frege er. "Kinne jo soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte?" fregen de jonges. "Jawol" sei de man. En hy hie de soldaetsjes marsjeare litten.
nl.verhalenbank.21382
1