Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: man stem Place of Narration: Drachten
Yn Eastemar stienen guon by 't wetter. Doe hearden se in lûd. Der woarde sein: De tijd is verschenen, de man is er niet. Even letter rekke der ien yn 't wetter dy't forsûpte. 't Wie yn 'e tiid fan 'e donkere hjerst.
nl.verhalenbank.23480
Yn Jirnsum stienen ris guon by de brêge. Doe hearden se dat der sein waerd: "De tiid is der wòl, de man is der net." Dy wurden kamen út it wetter. Fuort dêrnei kaem der in seas oanfleanen en dy rekke by de brêge del yn 't wetter. De man dy't der yn siet is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.36700
Ut in oare poel, ek út Surhuzum, hat de master fan 'e staetskoalle al us in stem weikommen heard. Dy stem sei: "De plaats is er, de man is der niet." Ik wie doe noch mar in foech skoaljonge, doe't dat gebeurde. In jonge, dy't by him op skoalle gong, is der gauachtich neitiid yn forsûpt.
nl.verhalenbank.17741
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard. Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet." Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Markus Dalstra, byneamd Dolle, hat us in moart dien. Dêr hat er lang foar sitten. It wie in widdou, dy't er formoarde hat. Hy hat har gouden earizer, dat er stellen hie yn 'e Heuchfeansterwyk op 'e Boelensloane smiten by de Bethlehemsreed. Dêr mat nachts altyd noch in lûd komme út 'e wyk op datselde plak. Dan wurdt der 'help!' roppen.
nl.verhalenbank.23015
Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem. "Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft...
nl.verhalenbank.19617
Ik gong froeger jouns faek fuort, dan wie myn frou allinne thús mei de bern. Wy wennen dan yn in houten keet en hienen it tige earmoedich. Wy woenen graech út 'e keet wei. Op in kear gong se de jouns op bêd. Doe hearde se in stem ta har praten. It wie ús leaven Hear. Dy sei: "Heb nog maar twee jaar geduld. Dan komt u er onder uit." En sa wie 't ek. Nei...
nl.verhalenbank.23011
Meine Wykstra wie in âld turfskipper, potskipper en dongskipper. Hy placht wol faek by ús to kommen en hat wol hea foar ús helle. Op in kear fortelde er, hy wie ris in kear op it wetter. Doe rôp der in stem: "De tiid hat der west, de man is der net!" Se farden in eintsje fierder, doe wie de feint bûtenboard rekke en hy wie der net wer útkomd. Dit gebeurde...
nl.verhalenbank.36903
Us mem har heit wenne yn Surhústerfean. Doe't dy slim siik rekke gongen mem en heit dêr togearre hinne. Heit kaem de jouns njoggen ûre werom. Mem wie yn Surhústerfean bleaun. De oare moarns bitiid seinen wy: "Hoe soe 't mei pake wêze?" "Dy is fannacht healwei tolven stoarn", sei heit. "Ik bin fannacht healweitolven wekker woarn. Doe waerd der tsjin my...
nl.verhalenbank.23489
35