Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan.
Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje.
Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
Der wenne in boer to Súd-Drachten. Japik Ingberts kaem ris by him om in soadtsje jirpels to freegjen. "Mei alle leafde," sei de boer, "mar op ien bitingst. Jo moatte my dêr ris hwat fiten út jou libben foar fortelle. Hwat jo alsa útheefd ha. Kom snein-to-moarn mar."
"Krij 'k dan myn jirpels?" "Bêst", sei de boer.
De snein-to-moarns, dêr wied er al. De...
nl.verhalenbank.11495
Mei de kikkerts is it ek sa. De kikkerts ha ek in koaning. As men de koaning fan 'e kikkerts deamakke, dan wie 't ek hiel slim. Dy koaning koe lûd jaen, hy koe piipje. Op in kear makke in man de koaning dea. Doe kommen alle kikkerts op him ta, hwant dy hearden it piipjen fan 'e kikkertkoaning. De man kom ûnder en ûnder 'e kikkerts to sitten. Hy wie...
nl.verhalenbank.12207
Pake Harm wenne as jonge al by de boer. Jouns nei 't ôfljochtsjen die de boer alle doarren fêst. Ek dy fan pake syn keammerke. Dy slepte boven de sliepkeamer fan 'e boer en de boerinne.
Yn 'e nacht hearde pake dat der dieven wienen. Hy hearde hoe't se de stiennen út 'e muorren sloegen. Sy woenen in gat meitsje. Pake koe net út it keammerke wei komme, mar...
nl.verhalenbank.18139
Sy ha pake ek us bang meitsje wold doe kom er op in joune let de Sumarre Achterwei del. Dat wienen twa maten dy 't dat dienen, mar gjin fan pake syn folk. Dy wienen oan 'e kant fan 'e wei lizzen gong mei in âld jas oer har hinne en doe wie 't krekt as lei der in âld hynder yn 'e berm.
Doe 't pake dat seach, sei er: "Och, heden, hjir leit in âld hynder!"...
nl.verhalenbank.17574
Yn 'e Sumarreheide waerden de bern bang makke mei greate Evert. Dy kaem de bern fan achteren binei en bûgde dan syn holle oer harres hinne.
(Op in kear kaem myn soan Evert Kobus by in greate húshâlding op 'e heide yn 'e hûs. De mem hie sa kwânskwiis sein: "Sjoch, dêr komt Evert oan."
Doe't Evert der yn kaem, rôpen de âldsten deabinaud: "Wy kreauwe noait!...
nl.verhalenbank.11516
Oerpake Jan (dat wie ús mem har pake Jan Willems) wenne yn Garyp. Hy mocht tige graech in slokje en dêr hie syn folk thús in hekel oan. Hy kaem dêrtroch foek let thús. Sy tochten: dat maate wy him ôfleare. Dat, doe 't er op in joun let us wer nei hûs ta soe mei in stik yn 'e kraech, woenen se him bang meitsje ûnderweis. Sy tochten: Dan doart er tonei...
nl.verhalenbank.17573
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou."
De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Der wie in baron, dy liet in hekke meitsje fan kaken fan in walfisk. Dy hekke bleau ek noait ticht.
Dat kom der fan, dy kaken wienen net dea. Dy biweegden noch, der siet noch libben yn.
nl.verhalenbank.12541
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har.
Is der ek hwat nijs? frege der.
Né, ik soe 't net wite, sei Antsje.
Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei:
Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
nl.verhalenbank.11562
De twa potten mei jild.
Der wie us in man, dy wie oan 't dollen ûnder in beamke. Dat beamke woe net rjocht út ein sette en hy makke de groun hwat losser. Hy dolde der omhinne, en doe kom der in potsje to foarskyn mei in lid der op. Dat potsje siet fol mei goudene munten.
Der siet lêzen op dat lid, mar dat wie yn in fremde tael. Dat koe dy man net lêze....
nl.verhalenbank.16151
Der wie in frou, dy lei op har stjerbêd. Mar sy koe net ta stjerren komme. De soan tochte hoe kin dit sa. Mar doe kom 't him yn 't sin dat se klean oan hie, dy't op snein makke woarn wienen. Hy krige gau de skjirre en bigong yn 'e klean om to knippen. Oer de skouders en by 't boarst en by de mouwen.
Doe blaesde syn mem de lêste sike út.
nl.verhalenbank.11549
As in minske droomt oer bargen of biggen krijt er mei plysjes to meitsjen, sa wurdt der altyd sein.
Ik ha 't in kear bileefd. Doe droomde ik yn 'e neinacht, dat der roannen allegear biggen om my hinne. Dyselde deis ha 'k oan twakear ta mei de marechaussees en de plysjes to dwaen hawn.
nl.verhalenbank.11566