Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in kear wie Ymke mei de faem op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe smiet de faem him mei in rotterige jirpel. Ymke sei: "Famke, famke, hwat sille dy dy rotterige jirpels raer yn 'e mage sitte!"
De jouns doe't se fan 'e jirpels ite soenen, pikte de faem dêr ek fan, mar hja hie hyltyd in rotterige jirpel oan 'e foarke.
nl.verhalenbank.19709
Der wenne in doomny yn in doarp, dat wie in echte folksman. Hy wie o sa flot.
Kommen de minsken by him yn 'e tiid fan kofjedrinken, dan moesten se mei kofjedrinke; wie 't ûnder iten, dan moesten se mèi ite. Net ien woarde by de doar fuortstjûrd.
Doe kom der ris op in kear in man ûnder iten. Dy belle dêr oan en de doomny liet him der yn. 't Wie tsjin...
nl.verhalenbank.32886
Doe't ik yn 'e Haskerveenpolder oan 't wurk wie, fortelde Paulus van Zanten my oer in man en in frou.
De man arbeide op 'e febryk. De frou wie great mei in oare keardel. Dat hienen de lju him al in kear of fjouwer, fiif forteld, mar hy woe it noait leauwe.
Mar op in kear tocht er: ik wol 't ûndersykje.
Doe't er dy moarns nei 't wurk ta gong wie, kearde er...
nl.verhalenbank.24002
Der wie ris in faem, dy tsjinne by in rike mynhear. Dy faem hie forkearing. Op in kear wie dy feint der ek.
Dy jouns praetten se oer Adam en Eva. Eva hie sa nijsgjirrich west en hie dêrtroch de sûnde op har laden.
De faem sei: "Soks soe ik nou noait yn 'e holle krije."
"Né," sei har feint, "soks soestû noait in kear dwaen en kom dêr oan út...
nl.verhalenbank.27313