Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
"Sjoch, dêr sit de poepesinne ek wer."
Dit wie de moanne. Dit seinen se, omdat de poepen by ljochtmoanne meanden.
nl.verhalenbank.23650
Jan Hepkes fortelde: Op in kear soe ik meane. Ik hie al in pear swéeën lizzen, mar tige bêst gong it net.
Ik tochte: hoe sit dit sa, en doe sjen, en ja, doe hie 'k forgetten de sek fan 'e seine to dwaen. De múlbân (= tiene mei learkes) siet der noch om.
nl.verhalenbank.25313
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen op 'e klaei. Hy wie dêr by in boer oan 't wurk. Dêr wie ek in arbeider, en dy koe net sêd. Dy friet troch.
Doe sei de boer tsjin Jan: "Hoe matte wy dêr mei oan?"
Doe sei Jan: "Nou matte wy fan 'e middei heal gear groat ite, yn klearebare koefet sean."
Dat gebeurde. Dy arbeider friet alles op, hy koe net sêd.
Nei...
nl.verhalenbank.37413
Ek in kear doe wie Jan Hepkes oan 't meanen op 'e klaei.
Dêr kaem de boer by him. Dy sei: "Wolle jo hjir even komme, Wouda?"
"Hwat nou?" sei Jan.
"De frou forwachtet in bern," sei de boer, "en de dokter kin 't net klear krije. Witte jo gjin rie?"
Doe gong Jan nei de frou ta, hy helle de beurs ta de bûse út en bigoun mei it jild to rinkeljen en to...
nl.verhalenbank.37411
In omke fan my hat ris nei de Grinzer klaei ta west to sichtsjen, by in boer. Dêr wie ek in âld man, dy hie syn bêd klear makke yn in skjinne lege jarrebak.
Dêr woe oars net ien yn sliepe, hwant der hie ris in deade man yn dy bak lein. Sûnt woarden de minsken dy't dêr yn leinen nachts altyd hinne en wer set yn 'e skuorre.
De masinen stienen de hiele nacht...
nl.verhalenbank.27216
Ek in kear doe wie Jan Hepkes op 'e klaei by in boer yn 't hea.
Dy boer koe net rinne, sa gebrekkich wied er oan 'e fuotten.
"Mar ik joech him in middel", sei Jan.
"De oare simmers krige ik biricht, ik moest wer komme to meanen. En doe kom ik dêr oanfytsen en doe siet my dêr in man achter in hazze oan. De hazze roan om 't hurdste, mar de man helle him yn...
nl.verhalenbank.37416