Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Kubaerd, dêr meanden twa poepen. Se hienen it lân der ôf, it wurk wie dien. De jouns rekkenen se ôf mei de boer. Se barden elk har jild.
Doe sei de boer: "Gean jimme joun noch fuort?"
"Né," seinen se, "wy bliuwe fannacht noch yn 't hea."
Doe't se dêr dy nachts yn 't hea leinen, gong de iene oerein en pakte syn harhammer. En dêr sloech er syn maet de...
nl.verhalenbank.31536
Feitse Brants wie us in kear oan 't meanen. 't Wie yn 'e Biltlannen. Doe krige er ynienen hâld. 'Pyng', hearde er. Doe sjen, en dêr hied er de kop fan in harspit ôfmeand. Dat wie der de foarige simmers stean bleaun yn 'e groun.
nl.verhalenbank.24462
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje.
Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol...
nl.verhalenbank.15913
"Op in kear," fortelde Jan Hepkes, "wie 'k nei 't bûtlân ta to meanen. Ik farde mei de boat en dy hie hwat fortraging, dêrtroch kom ik hwat let by de boer oan."
"Kom Wouda," sei de boer, "binne jo dêr al?"
"Jonge-ja", sei Jan.
"Nou," sei de boer, "earst mar even yn 'e hûs, net, en hwat ite."
Jan sei: "Né, boer, 'k mat earst even bigjin meitsje."
"Ik gong...
nl.verhalenbank.27590
Jan Hepkes fan Surhústerfean wie us in kear oan 't meanen. Hy koe 't omrake bêst. Op 't lêst woarde de seine hwat stomp en doe soed er dan mar even harje. Mar doe't er by 't harspit kom, doe wie de kop der ôf. Dy hie Jan der ôfmeand mei de seine sûnder dat er it sels fornom hie.
nl.verhalenbank.25492
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars.
It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
Lykstaasjes
In âldomke fan my, Knilles Veenstra, sjoech ek foar. Se wienen oan 't greiddollen en doe sei er tsjin ien fan 'e oare mannen: 'Wy moatte even opsjen, want der giet in Iyk de wei del en dêr bistû ek by, en dyn sweager is der ek by. En it kaam ek sa út, in pear dagen letter wie dat al sa.
Dizze âldomke hat ek in skoftsje by myn beppe, dat wie...
nl.verhalenbank.12968
Jan Hepkes wie op syn manier in hiel sterke man.
"Ik ha 't mar leafst yn 'e wyn op 'e fyts," placht er to sizzen, "dan ha 'k hwat stevichheit tsjin 't boarst oan."
Hy koe ek omrake bêst meane, biwearde er. Op in kear, sei er wie 'k ek oan 't meanen, doe tocht ik: ik mat ek ris harje. Ik sykje en sykje om 't harspit. Hwat wie der gebeurd? Ik hie de kop fan...
nl.verhalenbank.21152
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen
Rûnom komt it ferhaal foar fan de geheimsinnige frjemdling, dy't ferskynt, wannear't ien wat tefolle opdocht oer syn meanen. Hy kin hurder meane as de mier, mar de lêste kriget der pas erch yn, dat it mei de frjemde man net doocht, as dy it harspit dwerstroch meant. It docht jin gjin nij, dat dit ferhaal ek tige libbe...
nl.verhalenbank.13679
Der wie in mier, dy swetste wakkere bot oer syn meanen. Net ien dy't sa goed meane koe as hy, sei er. De duvel net iens. Mar doe wied er ris in kear wer oan 't meanen doe kaem der ien njonken him, dy meande ek, en dy rekke him foar. Mar doe wie 't ynienen 'krak'. Dêr meande dy oare de kop fan it harspit ôf, dat dêr stie.
Doe wist er, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.37136
It is froeger ris gebeurd dat hjir twa hantsjemieren út Dútslân weikamen to meanen. De iene dat wie Karl.
Hja meanden by in boer, dy wenne oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum.
It famke fan dy boer rekke siik. De boerinne tocht net oars of it bern wie bitsjoend en hja sette mei kryt in krús oer de flier foar 't bêd dêr't it bern yn lei. Dan hienen de tsjoensters...
nl.verhalenbank.37862
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Ek in kear doe hied er in hiel stik ôfmeand mei de kile noch om 'e seine hinne. Dat hied er net iens fornom.
nl.verhalenbank.28188
Jan Hepkes fortelde ek:
Ik bin ris nei in boer ta west to meanen. Ik wie jong en sterk. 't Wie mendei-to-moarn, en ik wie hwat sliepprich. 'k Hie hwat ekstra lang by de faem sitten. Mar ik tocht: ik mat der mar gau foar. Ik oan 't meanen en doe't it joun wie hie 'k der sawn pounsmiet ôf slein.
Doe tocht ik: nou mast de seine mar ris even harje.
En doe...
nl.verhalenbank.25278
4.14.
Al weer naar Nunen toe, maar nou is 't grootmoeder's niet, nou is 't m'n tante. In de Beekstraat in Nunen woont Arjaan Rijkers, toen ter tijd tenminste, en die kwam 's thuis van zijn werk en de buurvrouw die klaagde zo: de koei stond zo te toeten, en d'r man was niet thuis en zelf mocht ze niet buiten komen en ze kon geen voejer gaan maaien.
Toen...
nl.verhalenbank.44321
Feitse Brants wie in kear yn 'e Rottefalle oan 't meanen. Doe moest er in tinteplakje meitsje. Hy moest it gjers der dêr ôfmeane om in tinte del to setten. Syn harspit hied er yn 'e groun set. Hy hie de fuorring noch om 'e seine sitten mei de learkes der omhinne. Dy hie hy der net ôfdien.
Sa meande hy de kop fan it harspit ôf, mei de fuorring om 'e seine.
nl.verhalenbank.36990
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen
'Alde Piter Durks hat it my ferteld. Doe wie ik mei him oan 't binen en dan hie er ek fan dy rare spoekferhalen. Hy hie it oer in keardel, dy hie oan 't meanen west yn'e blaugêrzen, op 'e Stûkon (tusken Garyp en Warten). Hy hie it oan Piter sels ferteld. Ik kin tsjin'e duvel wol meane, hie dy keardel op in kear sein. Doe...
nl.verhalenbank.13680
Jan Hepkes koe ek omraek meane. En net ien koe better harje as hy. Hy hie de seine altyd flymskerp.
Op in kear wied er oan 't meanen, doe wie 't ynienen 'pyng'. Jan meande troch. Werom meande er 't selde swé del. Doe't er by 't plak kom, dêr't er 'pyng' heard hie, seach er dat er dêr de kop fan 't harspit ôfmeand hie. Dat hie dat lûd west. Mar de seine...
nl.verhalenbank.29440
Jan Hepkes fortelde, as er meande, dan meande er oan ien stik troch; hy bigoun by de rânne fan it stik lân en sa altyd mar troch nei de midden ta. Dan hoefde er net hyltyd werom to rinnen as er in strook dien hie en wied er folle gauwer klear as in oar.
nl.verhalenbank.21431
Op in kear siet Jan Hepkes fan Surhústerfean by de skearbaes. Sy praetten oer meanen.
"Meane," sei Jan, "hwat prate jimme fan meanen. Jo matte goed harje kinne, dan kinne jo meane.
Ik wie de moarns bigoun to meanen, doe hie ik del west, doe moest ik strike. Dat wie my hwat to gau. Ik tocht: 'Ha 'k dy seine net to goed harre?'
Trochdat ik goed strike koe,...
nl.verhalenbank.29284