Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: lucht Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Heit en âlde Sake ha it swevende frommes op 'e Lange Loane sjoen. 't Wie in pear jier letter as doe't er dat brune ding seach. 't Wie winter en ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit sei: "Der rint noch in frommes achter ús. Hja seagen beide om. It frommes bleau op in distânsje en hja hearden net, dat se gong. Sake seach us better ta en sei: "It is ús...
nl.verhalenbank.17522
Sahwat om 1920 hinne foel der yn 'e Harkema by Fokke de Haan samar in fjûrbol út 'e loft. 't Wie tichte by de tsjerke op ljochtskyndei.
nl.verhalenbank.22101
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
nl.verhalenbank.19557
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.
nl.verhalenbank.20666
Tsjin pine yn 'e holle mat men in hier út 'e holle lûke, dan kriget de holle lucht.
nl.verhalenbank.15637
Piter hountsje (=Alma) en Sytse Jager wienen togearre op in nacht oan 't murdejeijen. Doe't se yn 'e Fûgelkamp wienen (yn 'e buert fan Spineta) kamen de beide hounen samar ynienen by har, deabinaud. De dieren raesden it út. Doe't de beide mannen om har hinne seagen, waerden se twa neakene berntsjes gewaer, dy sweefden dêr om. Se sweefden nei in dobbe ta....
nl.verhalenbank.17563
Ek in kear, dat wie yn dyselde snuorje en ek yn 'e Ham, doe fleach der us hwat troch de loft en dat brânde. Doe sei beppe: "Der fljogge aenst auto's troch de loft. Tink us om myn sizzen." Dat ha de lettere flychmesines west.
nl.verhalenbank.23945
Bindert Japiks (Kloosterman) fan 't Bomkleaster wie in stjerrekundige. Hy hie bûten in tafel stean en jouns, as de stjerren oan 'e loft stienen, gong er dêr op lizzen. Mar op in kear hienen se hwat ûnder 'e poaten fan 'e tafel lein. Doe wie 't byld fan 'e himel in bytsje oars as gewoan, de stjerren wienen hwat tichter by him. Bindert Japiks hie alhiel...
nl.verhalenbank.25918
Hjir ien fan 'e Harkema kom us in kear op it Wytfean. Dêr hearde er hwat. Hy sjen en sjen. Doe wie dêr in sniewyt hynder. Dat sweefde troch de loft en 't wie yn 'e Leijen delkom. 't Is wol twintich jier lyn.
nl.verhalenbank.26237
Alde Bouke Schievink fan Harkema wie noch feint. Op in joun sei er, hy woe der noch op út om in faem . Doe seach er ûnderweis ien. "Hwat komt dêr in moaije faem oan", sei er by himsels. Dêr wol 'k in lytske fan ha." Hy rint op har ta en slacht de earmen om har hinne, mar hy sloech der dwars troch hinne. Raer fan 'e wize kom er thús.
nl.verhalenbank.17471
35