Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân.
Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren...
nl.verhalenbank.23447
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea.
Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Op in kear hearde ik hiel dúdlik ien stappen, dy't op ús hûs takaem. Ik sei tsjin 't wiif: "Hearst wol hwa't dêr oankomt? Dat is ús Sibe."
"Ja," sei 't wiif, "dat is Sibe." Hy stapte mei gewelt. Mar der kom net ien by de doar. Der wie ek net ien to sjen.
Mar in ûre letter, dêr wienen deselde stappen wer. De doar woarde iependien en dêr stie Sibe.
nl.verhalenbank.19518
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud.
Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
nl.verhalenbank.19524
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean?
Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
nl.verhalenbank.32982
Ûlespegel hie ris in kear in hynder forkocht.
Doe't de koopman frege of der ek hwat oan hapere, sei Ûlespegel: "Né, mar hy wol net oer beammen hinne."
"Nou," sei de koopman, "dat hoeft ek net." En hy kocht it hynder.
Doe soe de man 't hynder fuort mar ris prebearje. Doe soed er oer in brêge hinne. Mar dêr wie 't beest mei gjin stok oer to krijen.
Doe gong...
nl.verhalenbank.32996
Myn suster arbeide froeger by Klaes Postma op Readskuorre.
Jouns seis ûre gong se der wei, dan wie 't by 't winter al piktsjuster. Sy moest altyd in donkere sânreed delrinne.
Op in joun doe kom se dêr wer lâns. Sy moest nei de Harkema ta. Doe tocht se: Heden, hwat ding haw ik hjir by my. It wie in beest, roetswart. It like wol hwat op in houn, mar 't wie...
nl.verhalenbank.25743
Der wie in feint yn 'e Harkema, dy kom by de faem. It wie sahwat tolwe ûre, doe kuijeren se togearre. Doe seagen se twa famkes dy't elkoar yn 'e earm hienen. Se wienen sprekend gelyk yn 'e klean. Se roannen foar it pearke op.
"Hwat matte dy hjir?", sei de feint. "Wy gean se nei."
De beide famkes roannen oan in daem ta. Dêr gongen se samar ta de groun yn....
nl.verhalenbank.17450
Doe't myn mem noch faem wie, tsjinne se by de boer.
Winterdeis gong se to riden op 't iis. Dan gebeurde it wolris dat se hwat langer as gewoanlik weibleau. Se stuts dan yn 'e herberch oan om dêr to dounsjen.
Op in joun wie se wer let. Doe kom der in dikke swarte houn njonken har lâns. Hja wie deabinaud, hwant de houn rekke har hyltyd ûnder 't rinnen.
Op...
nl.verhalenbank.21137
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
Tseard van Dekken fan Droegeham hat Imke de Jong de gek al ris oanstutsen. Doe liet Imke him fêst stean. Hy koe net in kant mear út.
nl.verhalenbank.25782
Lou van der Woude ried mei âlde dûmny Kimp fan de Ham yn 't rydtúch. Dûmny hie to preekjen west.
Bauke Schievink roan 't Langpaed del, dat fan Surhuzum nei Readskuorre giet. Dêr kom de kweade him op side. Dy bleau by him oan it Kleasterbreed ta en liet him hyltyd de tosken sjen.
Dûmny en Lou kommen dêr lâns. Dûmny sei tsjin Lou: "Schievink hat dêr ek in...
nl.verhalenbank.17533
Yn 1914 wie ik ûnder tsjinst. Op in moarn bitiid brocht myn frou har broer my nei de trein ta. Doe't wy yn 'e Reitsmastrjitte wienen, hjir yn 'e Harkema, tichte by de iepenbiere skoalle, kom dêr ien oan. Wy wykten beide oan in kant, mar doe wie der ynienen neat mear. En doch ha wy dy persoan beide dúdlik sjoen.
nl.verhalenbank.21136
De Reitsma-wei, dat wie froeger in sânpaed mei diken.
Myn broer Klaes en Simen (dat wie syn maet) roannen dêr us op in joun lâns. Doe sei Klaes tsjin Simen: "Oan kant, jonge, rûmte jaen." Doe passearde der in lykstaesje.
Klaes seach it, mar Simen seach it net.
nl.verhalenbank.27285
By deselde boer wie Hearke mei in arbeider oan 't siedsjouwen. Dat sied moest yn baeltsjes nei de siedsouder sjoud wurde; Hearke moest dan de hiele mjilling earst delrinne. Hearke krige syn nocht fan dat rinnen en sei: "Gean dû ris op 'e siedsouder stean, dan smyt ik dy de sekken sied ta." Dat ha se dien en Hearke hie doe it sied yn in omsjoch toplak.
nl.verhalenbank.20139
Op in sânwei yn 'e Harkema roannen Klaes Postma en in kammeraet fan him. Dy't njonken him gong sei tsjin Klaes: "Dû mast op side gean, der komt in lykstaesje oan."
Mar Klaes die it net. Doe is er in hiel ein fuortsodemitere woarn.
nl.verhalenbank.25900
Yn 'e Hamsterheide wie op in jountiid let in man allinne op in paed. Ynienen seach er, dat der in frommes foar him op roan, en doe't er better taseach, miende hy dat it syn frijster Griet wie. Hy tochte ik rin hwat hurder, dan kin ik mei har oprinne. Mar hoe hurder hy bigong to rinnen, hoe hurder ek hja it op in rinnen sette. Nou en dan seach se om en dan...
nl.verhalenbank.15787
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy ris op in kear to jounpraten west. Doe't wy weromkamen, wie der my hyltyd in kat foar de fuotten. Mar it fremde wie, dat ik him net seach, mar myn wiif wol. "Pas op, dû stiest der hast op", sei se. Ik sei: "Hwer is dat ding, dan traepje 'k him yn 'e sleat." Mar ik koe him net sjen. Hy hat mei ús oan hûs ta west. Myn...
nl.verhalenbank.27287
Rin noait midden op 'e wei! (Lykstaesje)
Yt neat fan in tsjoenster op, oars kriget men in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.21143